Omrop Fryslân

Omrop Fryslân

Mediaproductie en -distributie

Leeuwarden, Friesland 4.085 volgers

Kom fierder

Over ons

Kom fierder! Omrop Fryslân is de regionale publieke omroep van Fryslân. De Omrop maakt verhalen die informeren, inspireren en amuseren, voor iedereen die zich verbonden voelt met Fryslân. Op TV, radio en online via onze website, apps en social media. Verhalen die dichtbij de groepen in de Friese maatschappij staan. Het Fries, de tweede rijkstaal, is daarbij onze voertaal en wij maken ook Friestalige documentaires en educatieve programma’s. Het nieuws op de website en app van Omrop Fryslân wordt tweetalig aangeboden. FRYSK Kom fierder! Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. De Omrop makket ferhalen dy't ynformearje, ynspirearje en amusearje foar elkenien dy’t him ferbûn fielt mei Fryslân. Op telefyzje, radio en online op ús webside, apps en sosjale media. Ferhalen dy’t tichtby de groepen yn de Fryske maatskippij stean. It Frysk, de twadde rykstaal, is dêrby ús fiertaal en we meitsje ek Frysktalige dokumintêres en edukative programma’s. It nijs op de webside en app fan Omrop Fryslân wurdt twatalich oanbean.

Website
http://www.omropfryslan.nl
Branche
Mediaproductie en -distributie
Bedrijfsgrootte
51 - 200 medewerkers
Hoofdkantoor
Leeuwarden, Friesland
Type
Naamloze vennootschap
Opgericht
1988

Locaties

Medewerkers van Omrop Fryslân

Updates

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝐎𝐞𝐟𝐞𝐧𝐰𝐞𝐝𝐬𝐭𝐫𝐢𝐢𝐝 𝐬𝐜 𝐇𝐞𝐚𝐫𝐫𝐞𝐧𝐟𝐞𝐚𝐧 – 𝐑𝐚𝐲𝐨 𝐕𝐚𝐥𝐥𝐞𝐜𝐚𝐧𝐨 𝐥𝐢𝐯𝐞 𝐭𝐞 𝐬𝐣𝐞𝐧 𝐛𝐲 𝐎𝐦𝐫𝐨𝐩 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐥â𝐧 Noch twa wiken en dan begjint Robin van Persie as trainer fan sc Heerenveen oan it nije seizoen. Freed 26 july is de lêste oefenwedstriid, yn it Abe Lenstra Station, tsjin it Spaanske Rayo Vallecano en Omrop Fryslân stjoert dizze wedstriid live út. De wedstriid begjint freed 26 july om 19.00 oere en is live te sjen fia in livestream op Omropfryslan.nl, de Omrop-app en telefyzje. Om 18.55 oere begjint de útstjoering en it kommintaar komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries. https://lnkd.in/gBnBGjJK

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝐒𝐢𝐦𝐦𝐞𝐫 𝐲𝐧 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐥â𝐧, 𝐰𝐞 𝐤𝐨𝐦𝐦𝐞 𝐝𝐞𝐫𝐨𝐚𝐧! Omrop Fryslân giet dizze simmer op 'en paad. Mei in spesjaal Simmer yn Fryslân-team ride wy de hiele simmer yn in bus troch de provinsje. Wêr't wy hinne sille? Dat wurdt foar it grutste part bepaald troch dy! Stjoer ús in appke en jou troch wêr't wy hinne moatte. Wolst der sels op út? Op de ynteraktive kaart kinst sjen wat der allegear te belibjen is dizze simmer yn Fryslân. Sjoch hjir foar alle ynformaasje en it folsleine simmeroersjoch 👉 https://lnkd.in/ecbJhyzz https://lnkd.in/eNXT7Rpj

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝗪ê𝗿𝗼𝗺 𝗷𝘂𝘀𝘁 𝗸𝗶𝗲𝘇𝗲 𝗳𝗼𝗮𝗿 𝗶𝗻 𝗿𝗲𝗸𝗹𝗮𝗺𝗲𝗸𝗮𝗺𝗽𝗮𝗻𝗷𝗲 𝘆𝗻 𝗱𝗲 𝘀𝗶𝗺𝗺𝗲𝗿 𝗯𝘆 𝗢𝗺𝗿𝗼𝗽 𝗙𝗿𝘆𝘀𝗹â𝗻? In effektive telefyzje- of radiocommercial soarget foar in soad omtinken en fergruttet de nammebekendheid yn de provinsje. Mar wêrom soest as ûndernimmer just yn de simmer kieze foar in reklamekampanje by Omrop Fryslân? Silke Sikkema koördinator by de ôfdieling Reklame by Omrop Fryslân fertelt der mear oer 👇

    Waarom juist kiezen voor een reclamecampagne in de zomer bij Omrop Fryslân?

    Waarom juist kiezen voor een reclamecampagne in de zomer bij Omrop Fryslân?

    Omrop Fryslân op LinkedIn

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝐅𝐣𝐨𝐮𝐰𝐞𝐫 𝐬𝐩𝐞𝐬𝐣𝐚𝐥𝐞 𝐎𝐥𝐲𝐦𝐩𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐞𝐝𝐲𝐬𝐣𝐞𝐬 𝐟𝐚𝐧 𝐝𝐞 𝐒𝐩𝐨𝐫𝐭𝐜𝐚𝐬𝐭 Omrop Fryslân komt mei fjouwer spesjale edysjes fan de Sportcast. Presintator Roelof de Vries sjocht eltse wike mei syn gasten foarút op de Olympyske Spelen dy't op 26 july fan start gean. Jûn binne sylster Laila van er Meer, judoka Tornike Tsjakadoea en roeier Jan van der Bij te gast. Under oare gasten as sylster Petronella de Jong, swimster Lisette Bruinsma en hurdfytser Tristan Banga sille yn de oare ôfleverings oanskowe. 𝘋𝘦 𝘖𝘭𝘺𝘮𝘱𝘺𝘴𝘬𝘦 𝘚𝘱𝘰𝘳𝘵𝘤𝘢𝘴𝘵 𝘪𝘴 𝘧𝘢𝘯 1 𝘫𝘶𝘭𝘺 ô𝘧 𝘧𝘫𝘰𝘶𝘸𝘦𝘳 𝘸𝘪𝘬𝘦𝘯 𝘭𝘢𝘯𝘨, 𝘦𝘭𝘵𝘴𝘦 𝘮𝘰𝘢𝘯𝘥𝘦𝘪 𝘰𝘮 19.30 𝘰𝘦𝘳𝘦 𝘵𝘦 𝘴𝘫𝘦𝘯 𝘣𝘺 𝘖𝘮𝘳𝘰𝘱 𝘍𝘳𝘺𝘴𝘭â𝘯.

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝗪𝗮𝘁 𝗶𝘀 𝗱𝗲 𝗯𝗮𝘀𝗶𝘀 𝗳𝗮𝗻 𝗸𝗿ê𝗳𝘁𝗶𝗴𝗲 𝘀𝘁𝗼𝗿𝘆𝘁𝗲𝗹𝗹𝗶𝗻𝗴? De editing fan in dokumintêre is fan grut belang foar it oerbringen fan de juste boadskip. Jelmer Douma, editor by Omrop Fryslân, die de montaazje fan de trije produksjes dêr't Omrop Fryslân dit jier mei yn de prizen foel by de Circom Awards. By al dy produksjes wurde oeren oan fideomateriaal omtsjoene ta in dúdlik en folslein ferhaal. Mar wat is de basis fan krêftige storytelling? Jelmer Douma editor by Omrop Fryslân fertelt der mear oer 👇

    Wat is de basis van krachtige storytelling?

    Wat is de basis van krachtige storytelling?

    Omrop Fryslân op LinkedIn

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝗦𝗹𝗮𝗰𝗵𝘁𝗲𝗺𝗮𝗿𝗮𝘁𝗼𝗻 𝗹𝗶𝘃𝗲 𝘁𝗲 𝗳𝗼𝗹𝗴𝗷𝗲𝗻 𝗯𝘆 𝗢𝗺𝗿𝗼𝗽 𝗙𝗿𝘆𝘀𝗹â𝗻 Nei acht jier is it wer sa fier, op sneon 15 juny stean der tûzenen rinners oan de start fan de 42 kilometer lange Slachtemaraton. Omrop Fryslân is derby, fan begjin oant ein en soarget derfoar dat gjinien wat hoecht te missen. Fan 6.00 oant 22.00 oere dogge Omrop Fryslân en Omroep Zilt live ferslach op radio, telefyzje en online. Op sneon 16 juny, de dei nei de Slachtemarathon, wurdt fan 17.30 oere ôf, alle oeren, in kompilaasje fan de tocht útstjoerd mei alle moaie mominten, bylden en ferhalen.

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝗣𝗼𝗱𝗰𝗮𝘀𝘁 '𝗦𝗶𝗰𝗰𝗼, 𝗱𝗲 𝘃𝗲𝗿𝗱𝘄𝗲𝗻𝗲𝗻 𝗺𝗮𝗿𝗲𝗰𝗵𝗮𝘂𝘀𝘀𝗲𝗲' 𝗻𝗼 𝘁𝗲 𝗵𝗲𝗮𝗿𝗿𝗲𝗻 Op moandei 9 juny 2014 ferskynt opperwachtmaster Sicco Cuperus net op syn wurk by de maresjaussee yn Harns. Yn syn appartemint yn Ljouwert liket it derop dat Sicco efkes rap de doar út gien is om boadskippen te dwaan. It rút yn de sliepkeamer stiet iepen, syn telefoan leit oan de lader en de stofsûger stiet klear om brûkt te wurden. Mar, en dat is opfallend, syn auto stiet net op it parkearplak. Fan Sicco wurdt sûnt dy tiid neat mear fernaam. Syn auto wurdt in pear dagen letter weromfûn yn Marrum. Nimmen wit wat Sicco yn Marrum die en it spoareûndersyk leveret neat op. Presys tsien jier nei de fermissing fan Sicco Cuperus (26) út Ljouwert komme sjoernalisten Margriet Brandsma en Geartsje De Vries, yn gearwurking mei âld-resersjeur Henk Dillerop, mei in podcast oer syn ferdwining. 𝘋𝘦 𝘦𝘢𝘳𝘴𝘵𝘦 𝘵𝘸𝘢 ô𝘧𝘭𝘦𝘷𝘦𝘳𝘪𝘯𝘨𝘦𝘯 𝘧𝘢𝘯 '𝘚𝘪𝘤𝘤𝘰, 𝘥𝘦 𝘷𝘦𝘳𝘥𝘸𝘦𝘯𝘦𝘯 𝘮𝘢𝘳𝘦𝘤𝘩𝘢𝘶𝘴𝘴𝘦𝘦' 𝘣𝘪𝘯𝘯𝘦 𝘧𝘢𝘯 𝘩𝘫𝘰𝘦𝘥 ô𝘧 𝘵𝘦 𝘣𝘦𝘩𝘢𝘳𝘬𝘫𝘦𝘯 𝘧𝘪𝘢 𝘥𝘦 𝘨𝘦𝘣𝘳û𝘬𝘭𝘪𝘬𝘦 𝘱𝘰𝘥𝘤𝘢𝘴𝘵𝘬𝘢𝘯𝘢𝘭𝘦𝘯.

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝗢𝗺𝗿𝗼𝗽 𝗙𝗿𝘆𝘀𝗹â𝗻 𝗼𝗽 𝗢𝗲𝗿𝗼𝗹, 𝘄𝗮𝘁 𝗸𝗶𝗻𝘀𝘁 𝗳𝗲𝗿𝘄𝗮𝗰𝗵𝘁𝘀𝗷𝗲? Omrop Fryslân docht de kommende dagen wiidweidich ferslach fan it Oerolfestival. Fan in keuken ûnder wetter en it strjitteäter oant foarstellingen op it strân en Frysk talint. Us ferslachjouwers binne der de hiele wike by en soargje dat alles te folgjen is fia de ferskate kanalen. Sa is der alle dagen om 18.00 oere omtinken foar Oeral yn de app en online. Alles fynst fia de spesjale dossierside.

    Oerol

    Oerol

    omropfryslan.nl

  • Organisatiepagina weergeven voor Omrop Fryslân, afbeelding

    4.085 volgers

    𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤 𝐧𝐢𝐣𝐬 𝐞𝐧 𝐦𝐞𝐚𝐫 𝐧𝐨 𝐞𝐤 𝐟𝐢𝐚 ú𝐬 𝐖𝐡𝐚𝐭𝐬𝐀𝐩𝐩-𝐤𝐚𝐧𝐚𝐚𝐥 𝐭𝐞 𝐟𝐨𝐥𝐠𝐣𝐞𝐧 In nije wize om op 'e hichte te bliuwen fan al dat Fryslân yn de greep hâldt: it WhatsApp-kanaal fan Omrop Fryslân. Dizze nije funksje is by elkenien al ynboud yn de app en is maklik te finen. We lizze dy út watst krekt ferwachtsje kinst en hoe'tst ús WhatsApp-kanaal folgest.

    Frysk nijs en mear no ek fia ús WhatsApp-kanaal te folgjen: sa wurket it

    Frysk nijs en mear no ek fia ús WhatsApp-kanaal te folgjen: sa wurket it

    omropfryslan.nl

Vergelijkbare pagina’s

Door vacatures bladeren