Springe nei ynhâld

Zuienkerke

Ut Wikipedy
Zuienkerke
De tsjerke fan Zuienkerke
De tsjerke fan Zuienkerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 2.709 (2022)
Oerflak 48,9 km²
Befolkingsticht. 55 ynw./km²
Oar
Postkoade 8377
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 51° 15' N 3° 9' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Zuienkerke (West-Flaanderen)
Zuienkerke

Zuienkerke is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente is tige tin befolke en bestiet út de fjouwer lytse plattelânsdoarpen Zuienkerke, Meetkerke, Houtave en Nieuwmunster. Zuienkerke wurdt omfieme troch de tichtbefolke provinsjale haadstêd Brugge en de Noardseekust.

Nei alle gedachten bestie Zuienkerke al sûnt de 10e iuw as in selsstannich kerspel. Fan belang is de oanlis fan de Blankenbergse Dyk om 1000 hinne. Yn 975 waard de fjildnamme Clehiham optekene, dat in oerd yn in fan de see omklamme gebiet betsjut. Dy namme libbet fierder yn 'e 'Hof Cleyhem'. De parochy Zuienkerke wie nei alle gedachten ôfsplitst fan dy fan Uitkerke. De al yn 1108 neamde tsjerke waard om 1300 hinne ferfongen troch in letromaanske bou, wêrfan't de toer noch bestiet. Zuienkerke foarme in saneamd ambacht yn it Brugse Frije.

Nei de reboelje fan 'e Flaamske Opstân tsjin Maksimiliaan (1483-1492) folgen oan 'e ein fan 'e 16e iuw de godstsjinstoarloggen, wêrby't fanútsluis Sluis en Oostende fjildtochten fan 'e geuzen plakfûnen. De Spaansksinnigen bouden in pear fortifikaasjes, lykas by de Schoeringebrêge. Yn 1570 waard de tsjerke fernield. Under Eastenryksk bewâld ferbettere it sosjaal-ekonomyske klimaat; de 'Blankenbergse Steenweg' waard yn 1723 oanlein en it sintrum fan Zuienkerke krige yn de jierren 1760-1765 in ferhurde ferbining mei dy wei. Yn 1863 waard Zuienkerke mei de iepening fan in stasjon oansletten op it spoar, dat yn 1957 sletten waard.

De Earste Wrâldkriich bleau beheind ta lytse skea. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden in pear bunkers boud. Troch útwreiding mei nijbou yn de jierren 1960 (Vagevierwyk) en 1980 (Lindenhof) koe it ynwennertal fan de fierder agraryske gemeente wat tanimme.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sint-Michaeltsjerke
  • Kastiel Cleyhem
  • In grut tal pleatsen en oare gebouwen.

De gemeente bestiet út fjouwer dielgemeenten: Zuienkerke, Houtave, Meetkerke en Nieuwmunster.

Nû. Plaknamme Oerflak Ynwenners (2005) Kaart
I Zuienkerke 15,89 1.478
II Houtave 16,32 411
III Meetkerke 9,36 396
IV Nieuwmunster 7,29 491

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Zuienkerke


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje