Springe nei ynhâld

Yokosuka D4Y

Ut Wikipedy
Yokosuka D4Y Suisei
Yokosuka D4Y3
Yokosuka D4Y3
algemiene ynformaasje
rol Dûkbommesmiter (letter ek: ferkenner, nachtjager)
lân f. oarspr. Japan
gebrûk
earste flecht Desimber 1940
yn tsjinst 1942
út tsjinst 1945
tal makke 2.038 (1942–1945)
grutste brûker Japanske Keizerlike Marineloftmacht
Luitenant Yoshinori Yamaguchi's D4Y3 by in kamikaze-aksje tsjin de USS Essex, 12.56 oere, 25 novimber 1944

De Yokosuka D4Y Suisei (Japansk foar 'Komeet', alliearde koadenamme Judy), wie in iensits dûkbommesmiter, ûntwurpen en produsearre troch de Japanske fleantúchfabrikant Yokosuka. It tastel wie yn de Twadde Wrâldoarloch yn tsjinst by de Japanske Keizerlike Marineloftmacht.

De ûntwikkeling fan it fleantúch begûn yn 1938. De earste D4Y1 wie klear yn novimber 1940 en makke de oare moanne syn earste flecht by Yokosuka. [1]

Hoewol 't it tastel oarspronklik ûntwurpen wie as dûkbommewerper, waard de D4Y ek brûkt yn oare rollen, wêrûnder ferkenning, as nachtjager en spesjale oanfallen (kamikaze). It makke syn gefjochtsdebút as ferkenningsfleantúch doe 't twa pre-produksje D4Y 1-C's oan board giene fan de Sōryū om diel te nimmen oan de Slach om Midway yn 1942. Earst yn maart 1943 waard it tastel akseptearre foar gebrûk as dûkbommewerper. De iere D4Y1 en D4Y2 wiene útrist mei de floeistofkuolle Aichi Atsuta-motor, in yn lisinsje boude ferzje fan de Dútske Daimler-Benz DB 601, wylst de lettere D4Y3 en D4E4 útrist wiene mei de Mitsubishi MK8P Kinsei-stjermotor.

Krekt as in soad oare Japanske fleantugen út dy tiid hie de D4Y gjin pânsering en selstichtsjende brânstoftanks en pas by de lêste fariant, de D4Y, krige it tastel kûgelfrij glês en bepânsering foar de bemanning en brânstoftanks. [2] Nettsjinsteande dat wie de D 4 Y ien fan de fluchste dûkbommesmiters fan de oarloch, benammen de D 4, dêr 't Max Gadney fan sei dat it de "rapste dûkbommewerper fan de Twadde Wrâldoarloch" wie en dat er "rapper wie as de Zero". [3] Allinnich de fertragingen yn de ûntjouwing behinderen de tsjinst derfan wylst syn foargonger, de stadigere Aichi D3A mei fêste fersnelling, folle langer yn tsjinst bleau as de bedoeling wie. Ferneamd is dat in D4Y brûkt waard by ien fan de lêste kamikaze-oanfallen yn 1945, oeren nei de oerjefte fan Japan, mei fice-admiraal Matome Ugaki yn de efterste cockpit.

Yokosuka D4Y-4
Cockpit fan in Yokosuka D4Y4
Parameters Feiten (D4Y2)
Bemanning 2 (piloat en boardskutter/radiotelegrafist)
Lingte 10,22 m
Spanwiidte 11,50 m
Hichte 3,74 m
Fleugeloerflak 23,60 m²
Fleugellingte 5,6
Gewicht leech 2.440 kg
Startgewicht maks. 4.250 kg
Oandriuwing ien Aichi Atsuta AEIA 32 fan 1.044 kW (sa'n 1.420 hk)
Heechste faasje 550 km/o op 4.750 m
Fleanberik 1.465 km
Tsjinstplafond 10.700 m
Fleugelbelêsting 180 kg/m²
Ferhâlding fermogen/gewicht 0,25 kW/kg
Bewapening twa foarút fjurjende 7,7 mm masinegewearen
ien fan efteren fjurjend 7,92 mm masinegewear
oant 800 kg bommen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Francis Crosby; Bommenwerpers - geïllustreerd historisch overzicht van de ontwikkeling van de bommenwerper; Veltman Uitgevers, 2006
  1. Francillon, 1970
  2. Ishiguro, Ryusuke; Januszewski, Tadeusz (2009). Japanese Special Attack Aircraft & Flying Bombs. Poland: Mushroom Model Publications. s. 142. ISBN 978-83-89450-12-8.
  3. Gadney, Max (April 2008). "Kamikazes, Deconstructed". World War II. Vol. 23, no. 1. World War II. s. 46–47.