Springe nei ynhâld

Yndustryterrein De Himmen

Ut Wikipedy
Lokaasje fan De Himmen I en II

De Himmen, ek wol: Himmen-A7, is in yndustryterrein yn de stêd Snits oan de Rykswei 7.

It terrein grinzet yn it westen en suden oan de Rykswei 7. Yn it easten grinzet it yndustryterrein oan de eardere Stedsrûnwei en de Himdyk en yn it noarden leit it doarp Ysbrechtum.

De wichtichste ferkearsier yn it yndustryterrein is de Stateas, dy't de âlde Stedsrûnwei ferbynt mei de rykswei 7.

Histoarje en bebouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 13e iuw wie De Himmen de lokaasje fan Stinswier De Himmen. Dêr is it yndustryterrein nei ferneamd. Op de lokaasje fan De Himmen lei ek de ferdwûne buorskip Bûns.

De Hemmen is ein jierren 90 oanlein en wie doe it twadde yndustryterrein fan Snits (neist de Houkesleat). Yn 2009 is it terrein útwreide mei nijbou op it gebiet bewesten de âlde bebouwing. Yn 2011 is begûn mei de bou fan in nije wenboulevard yn it âlde diel fan it stedsdiel.

It yndustryterrein is opdield yn trije stikken (op folchoarder fan ûntwikkeling):

  • Diel 1: It besteande bedriuwenterrein oan de eastside ( tusken de âlde stedsrûnwei, de State-As en de A7 )
  • Diel 2: De trijehoek oan de westside ( tusken de A7 en de State-As )
  • Diel 3: De súdside fan de A7 ( tusken de A7, Folsgeare, Drylts en Easthim )

De Himmen hat foar in yndustryterrein in soad grien en wetter.

Bedriuwen op de Himmen binne benammen yndustriële bedriuwen, bou- en oannimmingsbedriuwen, (grut-)hannelsûndernimmmings, transport- en distribúsjebedriuwen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
· · Berjocht bewurkje