Wynoldus Munniks
Wynoldus Munniks (De Jouwer, 4 desimber 1744 - Grins, 8 septimber 1806) wie in medikus en heechlearaar. Hy wie in soan fan Bernhard Munniks, gritenijsekretaris fan de gemeente Haskerlân.
Munniks studearre genêskunde yn Grins, Leien en Parys. Hy die yn july 1769 yn Doanjewerstâl proeven om in middel tsjin feepest te finen en gie der letter mei fierder yn Blauhûs. Yn 1771 waard er heechlearaar anatomy, sjirurgy, fysiology, obstetry, Materies Medica en plantkunde yn Grins, nei't de heechlearaar Petrus Camper syn funksje oerjoen hie.
Munniks kocht yn 1797 Oldengaerde, in eardere havezate yn it Drintske Dwingeloo. Hy hat it lânguod ferrike mei in protte nije plantesoarten, dêr't ek it (Drintsk)krintebeamke (Amelanchier lamarkii) by wie, dat er út Kanada helle hie. De krinteboskjes by Dwingeloo hawwe har bestean dêroan te tankjen.
Yn 1780 troude er mei Antonia Haasbaart fan Amsterdam dy't foar him stoar yn 1806.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk dokter
- Frysk sjirurch
- Frysk fysiolooch
- Frysk anatoom
- Frysk gynekolooch
- Frysk botanikus
- Frysk heechlearaar
- Nederlânsk dokter
- Nederlânsk sjirurch
- Nederlânsk fysiolooch
- Nederlânsk anatoom
- Nederlânsk gynekolooch
- Nederlânsk botanikus
- Nederlânsk heechlearaar
- Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne op De Jouwer
- Persoan berne yn 1744
- Persoan stoarn yn 1806