Wynmotor Hartwert
Appearance
De Wynmotor Hartwert is in poldermole en ryksmonumint by it doarp Hartwert yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
De Wynmotor Hartwert is in om 1925 boude Amerikaanske wynmotor mei 18 blêden fan it type Record. Hy stiet inkele hûnderten meters ten westen fan Hartwert oan de Alde Kleasterfeart. De mole, dy't in flecht fan 3,5 m. hat en eigendom is fan de Monumintestifting Wûnseradiel, is in ryksmonumint. Hy is net iepen foar publyk.