Springe nei ynhâld

Wymeer

Ut Wikipedy
Wymeer
Tsjerke fan Wymeer
Tsjerke fan Wymeer
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Gemeente Bunde
Sifers
Ynwennertal 1.263 (30 juny 2006)
Oerflak 22,98 km²
Befolkingsticht. 55 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26831
Koördinaten 53°8′ NB 7°14′ EL
Offisjele webside
www.wymeer.de
Kaart fan it Reiderlân

Wymeer leit yn it uterste súdwesten fan it Eastfryske Reiderlân tusken de A31 en de Dútsk-Nederlânske grins. Yn it doarp wenje op in oerflak fan likernôch 23 km² sa'n 1300 ynwenners. Wymeer heart by de gemeente Bunde yn it distrikt Lier.

De namme is nei alle gedachten ôflaat fan winithi (greidelân, miede) en is besibbe oan nammen lykas Wynskoat, Wynham en Wynedaham. It efterheaksel -mari ferwiist nei alle gedachten nei "sompe". De namme komt troch de jierren hinne as: Wynnamor (om 1475 hinne), Wimaria (1500), Winnemer (om 1550 hinne) en Wymehr (1577).

Wymeer waard yn de Midsiuwen stifte en waard foar it earst yn 1310 neamd as Wymaria, sa't de Kommanderije Dünebroek, dy't al langer bestiet, neamd waard. Dat wie in kleaster fan de Johanniteroarder, dat mei de Reformaasje stadichoan útdôve. Op it plak fan it kleaster stiet hjoed-de-dei in pleats.

Yn de Lette Midsiuwen moast it doarp troch it útbrekken fan de Doalert stikmannich kearen ferhuze wurde. Om't it Eastfryske doarp tichteby de grinzen fan Nederlân en Múnsterlân lei, hie it stikmannich kearen te lijen hân fan krigen en tsierderijen. Yn de njoggentjinde iuw ferfearen in soad boeren nei Amearika.

Nei de Twadde Wrâldkriich makke Nederlân oanspraken op Dútske gebieten, dy't net troch de Alliearden stipe waard. Nederlân krige yndie in stripe lân fan hûndert meter breed fan de grins ôf, dêr't de boeren fan Wymeer mei in spesjale pas yn komme mochten. Yn 1963 kaam it gebiet wer werom nei Dútslân.

Yn 1973 waard Wymeer in part fan de gearwurkingsgemeente Bunde, nettsjinsteande it doarp oarspronklik mear mei Weener ferbûn wie. Op 1 novimber 2001 waard de gearwurkingsgemeente omfoarme ta in ienheidsgemeente. Sûnt dy tiid is Wymeer sa goed as in buorren fan Bunde.

Sûnt 1983 waard it 52 bunder grutte Hochmoor Wymeer oanwiisd as in beskerme natuergebiet.

  • Evangelisch-reformierte (Herfoarme) tsjerke fan Wymeer
  • Evangelyske Bibelmienskip Boen yn de eardere molkfabryk
  • De baptistegemeente Wymeer bestie fan 1921 oant 2016. Harren gebou waard yn 2017 ferkocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Bunde
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer
· · Berjocht bewurkje