Springe nei ynhâld

Wolgograd (oblast)

Ut Wikipedy
Wolgograd oblast

Волгоградская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Súd
ekonomyske regio Povolzje
haadplak Wolgograd
grutste plak Wolgograd
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 90,0%
Kazachen 1,8%, Oekraïners 1,4%
(Stân 2010)
sifers
ynwennertal 2.449.781 (2022)
oerflak 49.024 km²
befolkingstichtens 20,18 ynw./km²
oar
stifting 5 desimber 1936
tiidsône UTC 3; MSK
koördinaten 49° 44' N 44° 07' E
webside www.volganet.ru

De oblast Wolgograd (Russysk: Волгоградская область, Volgogradskaja oblast) is in oblast yn Ruslân. Haadstêd fan de oblast is Wolgograd (it eardere Stalingrad).

Yn de 5e iuw foar Kristus bewennen Skyten it gebiet, wylst yn de 8e en 9e iuw it in ûnderdiel wie fan it ryk fan de Chazaren. Dêrnei bewennen ferskillende stammen lykas de Kiptsjaken it gebiet, oant yn de 13e iuw de Gouden Horde it gebiet oermastere. De Nogai Horde hearske yn de 14e iuw oer it gebiet en tsjin it ein fan de 16e iuw anneksearre it Russyske tsaredom nei in striid tsjin de Kozakken en Kalmukken it gebiet.

Yn it Russyske Ryk en yn de Sovjet-tiid hearde it gebiet by ferskillende bestjoerlike dielgebieten. Op 5 desimber 1936 waard de oblast Stalingrad stifte. Yn de Twadde Wrâldkriich waard der yn 1942-1943 mei de Slach om Stalingrad slim fochten. Nei de dea fan Stalin waard de oblast op 10 desimber 1961 yn Wolgograd omdoopt.

Natoer yn de oblast Wolgograd

De oblast leit yn it súdeasten fan de Easteuropeeske Leechflakte. Yn it noarden grinzget it gebiet oan de oblast Saratov, yn it easten oan de lânsgrins mei Kazachstan, yn it súdeasten oan de oblast Astrachan en de autonome republyk Kalmukje, yn it suden en westen oan de oblast Rostov en yn it noardwesten oan de oblast Voronezj. Likernôch 200 rivieren rinne troch it gebiet, dy't it wetter oanfiere foar de See fan Azov en de Kaspyske See. Belangrike rivieren yn it gebiet binne de Wolga en de Don. Eastlik fan de Wolga is it lânskip fral flak en westlik fan de rivier hat it lân in heuveleftich reliëf (oant hichtes fan 358 meter). Mar 4,3% fan de oblast bestiet út bosk. De oblast hat sân natoerparken.

De oblast hat in kontinintaal klimaat. De winters binne kâld en der falt net in soad snie. Simmers binne hyt en droech. De trochsnit temperatuer is yn febrewaris −9,9 °C en yn july 24,2 °C. It gebiet hat net in soad delslach, de measte delslach falt yn it noardwesten fan de oblast.

De oblast is ien fan de meast ûntwikkele regio's fan Ruslân. It hat in lykwichtige ekonomyske struktuer mei in grut ferskaat oan yndustriële sektoaren en in breed ûntwikkele lânbou. It gebiet is ryk oan natuerlike helpboarnen, lykas ierdoalje en grûnstoffen foar de gemyske yndustry. Ek wurde der boumaterialen (kalkstien en sânstien) en grûnstoffen foar de metaallurgyske yndustry fûn.

Metaalferwurking, ierdoalje-raffinaderij en gemyske yndustry binne sterk fertsjintwurdige, itjinge by de haadstêd in soad fersmoarging feroarsaket. De lichte yndustry (bont, skuon en learprodukten) bestiet út goed 200 bedriuwen. Tekstylfabriken binne fral by Kamysjin fertsjintwurdige.

Bestjoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast Wolgograd is ûnderferdield yn 33 rajon's en 6 stedsdistrikten. Njonken de haadstêd Wolgograd binne der noch twa grutte stêden mei mear as 100.000 ynwenners: Volzjski en Kamytsjin. Meiïnoar binne der yn de oblast 19 stêden en 18 plakken mei in stedsk karakter.

Wolgograd
Stêd (stedsdistrikt) Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje
Wolgograd Волгоград 1.001.183 (2022) 48° 42' N 44° 30' E
Volzjski Волжский 321.427 (2022) 48° 47' N 44° 46' E
Kamytsjin Камышин 106.879 (2022) 50° 05' N 45° 24' E
Michailovka Михайловка 56.981 (2021) 50° 04' N 43° 14' E
Oerjûpinsk Урюпинск 36.186 (2021) 50° 48' N 42° 01' E
Frolovo Фролово 35.913 (2021) 49° 46' N 43° 39' E

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 1.724.000 1.775.000 1.854.000 2.323.000 2.475.000 2.863.000 2.699.200 2.449.781

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Wolgograd


Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje