Springe nei ynhâld

Wite Earn (Ponka)

Ut Wikipedy
Wite Earn (Ponka)
persoanlike bysûnderheden
oare namme White Eagle
nasjonaliteit Ponka
berne ±1840
berteplak yn Nebraska
stoarn 3 febrewaris 1914
stjerplak White Eagle (Oklahoma)
etnisiteit Ponka
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Ponka
jierren aktyf ±18651914

Wite Earn (Ingelske oersetting: White Eagle; yn Nebraska, ±1840White Eagle (Oklahoma), 3 febrewaris 1914) wie in opperhaad en medisynman fan 'e Ponka, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy late syn folk troch de dreechste tiid út harren skiednis, doe't se út harren heitelân yn Nebraska ferballe waarden en deportearre waarden nei it Yndiaanske Territoarium, it lettere Oklahoma.

Wite Earn waard omtrint 1840 berne op 'e Grutte Flakten fan eastlik Nebraska. As de soan fan Izerne Swipe en de pakesizzer fan Lytse Bear wied er in erflik opperhaad fan syn folk, de Ponka. Dat wie in etnyske groep dy't yn 'e achttjinde iuw frij machtich west hie, mar troch in epidemy fan 'e pokken wiene se tsjin 1807 yn oantal belune ta heechút 800 minsken. Under Wite Earn syn jonkheid waarden de Ponka troch oerfallen fan 'e Brulee-Lakota almar fierder yn it nau brocht, wat nammenste slimmer waard doe't yn 'e 1850-er jierren in tafloed oan blanke kolonisten har yn Nebraska nei wenjen sette.

Fan twa kanten ûnder druk set, besleaten de Ponka yn 1858 om it meastepart fan harren lân oan 'e Feriene Steaten ôf te stean. Dêrtroch holden se lykwols inkeld in stripe lân oer tusken de rivier de Niobrara en de Ponca Creek, dy't ûngaadlik bliek foar it bedriuwen fan lânbou. Om't se troch de Brulee ôfsnien wiene fan harren eardere jachtgrûnen, late dat ta oanhâldende hongersneed ûnder de Ponka. Yn dy snuorje fierde Wite Earn de Ponka-krigers oan yn harren lêste oarloch tsjin 'e Lakota, dy't lykwols neat oan 'e sitewaasje feroare. Yn 1865 soarge in nij ferdrach derfoar dat de Ponka har in stik mear nei it easten fêstigje mochten, yn 'e fruchtbere delling fan 'e rivier de Missoury, mar trije jier letter rekken se bûten eigen skuld al har lân kwyt, doe't dat ûnder it twadde Ferdrach fan Fort Laramie troch de Amerikanen yllegaal oan it nije Grutte Sû Reservaat fan 'e Lakota tafoege waard.

Yn 1875 hie Wite Earn mei Steande Bear en ferskate oare opperhaden fan 'e Ponka in moeting mei de Yndiaanske agint A.J. Carrier, wêrby't se in dokumint ûndertekenen dat harren deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) omfieme. De opperhaden holden neitiid út dat de ôfspraken ferkeard foar harren fertaald wiene, en dat sy begrepen hiene dat se ynstimden mei in ferhuzing nei it Omaha Yndianereservaat yn Nebraska, om by harren nauwe sibben, de Omaha, yn te lûken. Mar mei harren protesten bedijden se neat, dat yn febrewaris 1877 reizgen acht opperhaden fan 'e Ponka, wêrûnder Wite Earn en Steande Bear, mei ynspekteur Edward C. Kemble nei it Osadzje Yndianereservaat yn it Yndiaanske Territoarium om in gaadlik plak foar harren eigen reservaat te sykjen. Om't de pleatslike Yndiaansk agint it spul net taret hie, koe dêr neat fan komme. Kemble joech de Ponka de skuld fan it misferstân en liet se dêr yn 'e steek sadat se nei Nebraska weromrinne moasten.

Mar Kemble sette syn plannen al troch, en yn april fan datselde jier reizge er nei it Kwapou Yndianereservaat, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Peoria (Oklahoma), mei dat diel fan 'e Ponka dat min ofte mear frijwillich út Nebraska wei woe. Yn maaie deportearre it Amerikaanske Leger de rest fan it folk ûnder twang, wêrûnder Wite Earn en syn húshâlding. De Ponka arrivearren te let yn it Yndiaanske Territoarium om dat jiers noch te plantsjen en te rispjen, en it Amerikaanske regear fersomme boppedat om harren te foarsjen fan it lânbougereid dat de Ponka ûnthjitten wie as ûnderdiel fan it oarspronklike ferhuzingsferdrach. Yn 1878 ferfearen se 240 km nei it westen ta, nei de rivier de Arkansas, súdlik fan it hjoeddeiske Ponca City. Tsjin 'e maityd fan 1879 wie hast in trêdepart fan 'e stamme omkommen oan honger, malaria en oanbesibbe oarsaken.

Hoewol't guon Ponka ûnder lieding fan Steande Bear weromkearden nei Nebraska en nei de opsjochjaande rjochtsaak Standing Bear v. Crook tastimming krigen om har dêr foargoed te fêstigjen, joech Wite Earn lieding oan 'e saneamde 'Ponka fan it hjitte lân', dy't derfoar keazen om yn it Yndiaanske Territoarium te bliuwen. Yn 1880 dielde er mei oan in kommisje fan it Amerikaanske Kongres dy't it reservaat fan 'e Ponka yn it Yndiaanske Territoarium besocht, dat hy en syn folk besletten hiene dat harren takomst dêre lei. Om dyselde snuorje hinne ûntstie deunby it Yndiaansk agintskip yn dat reservaat in doarp dat nei Wite Earn ferneamd wie, it hjoeddeiske White Eagle.

Lettere jierren en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't ûnder de Wet-Curtis fan 1898 de Yndianereservaten yn it Yndiaanske Territoarium opheft waarden, rette Wite Earn syn folk mei tsjinnichheid oan om har dêrûnder del te lizzen en mei it Amerikaanske regear de bêste oerienkomst oer lânbesit te sluten dy't derút te slepen foel. Koart foar syn dea droech er by in swide seremoanje it erflik liederskip oer de Ponka oer oan syn soan Hynstehaadman-Earn (Horse Chief Eagle), dy't it lêste erflike Ponka-opperhaad wêze soe. Hy ferstoar op 3 febrewaris 1914 yn 'e âlderdom fan omtrint 74 jier, en waard yn tradisjonele pronk begroeven op it begraafplak fan White Eagle. Op in heuvel likernôch 15 km súdlik fan it haadgebou fan harren feepleats de 101 Ranch lieten de bruorren Miller, dat freonen fan Wite Earn wiene, in hege stiennen pylder ta syn oantins oprjochtsje, mei boppe-op in wite earn dy't útsjocht oer de gloaiende flakten.

  • Brown, Thomas, In Pursuit of Justice: The Ponca Indians in Indian Territory, yn: Robert E. Smith (red.) Oklahoma's Forgotten Indians, Oklahoma City, 1981 (Oklahoma Historical Society), s. 53-67.
  • Collings, Ellsworth, en England, Alma Miller, The 101 Ranch, Norman (Oklahoma), 1971 (University of Oklahoma Press), s. 139-141.
  • Johansen, Bruce E., White Eagle, artikel yn 'e Encyclopedia of Oklahoma History and Culture, 16e printinge.
  • Wright, Muriel, A Guide to the Indian Tribes of Oklahoma, Norman (Oklahoma), 1971 (University of Oklahoma), s. 211-214.
  • Yenne, Bill, en Garratt, Susan, North American Indians, Hongkong, 1993 (Ottenheimer Publishers).
  • Zimmerman, Charles Leroy, White Eagle: Chief of the Poncas, Harrisburg (Pennsylvania), 1941 (Telegraph Press).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: