Springe nei ynhâld

Willem van der Veen

Ut Wikipedy

Willem van der Veen (Feanwâldsterwâl, 8 oktober 1948 - Hurdegaryp, 2 jannewaris 2002) wie in Fryske plysje en predikant.

Nei it ferfoljen fan de militêre tsjinstplicht begûn Van der Veen yn 1974 in karriêre as plysjeman yn Ljouwert. Neist syn wurk studearre er teology oan de Theologische Universiteit Kampen en waard er predikant. Hy hat ferbûn west oan de grifformearde tsjerken fan Arum, Harns, Sint-Jabik en as lêste Ulrum yn Grinslân. Fanwegen in sykte moast er yn 2000 betiid mei emeritaat gean. Willem van der Veen is yn 2002 yn de âldens fan 53 jier ferstoarn.

Dea fan Johannes Hendrikus Zelle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Himelfeartsdei 1983 waard Van der Veen as plysjeman nei in melding fan buorlju nei Gysbert Japicxstrjitte 82 yn Ljouwert stjoerd. Dêr waard Johannes Hendrikus Zelle fûn, ferstoarn, sittend efter syn buro. Van der Veen krige dêrnei niget oan it libben fan dizze bekende dûmny. Hy begûn in wiidweidich ûndersyk en skreau der in boek oer dat yn 2000 ferskynde.

  • van der Veen, Willem, Johannes Hendrikus Zelle: Volksverhalen over een legendarische predikant. Elka, Arum (2000). ISBN 9789071532122.