Wettertuorren yn Fryslân
Yn Fryslân binne trettjin wettertuorren boud op it fêste lân en fjouwer heechreservoirs op de Waadeilannen yn in perioade fan santich jier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste wettertoer yn Fryslân waard yn Ljouwert yn 1888 boud oan de Skrâns/Suderplein. De neikommende wettertuorren waarden boud yn Snits en It Hearrenfean.
Wettertuorren wiene in part fan it wetterliedingnet. De wetterliedingbedriuwen wiene yn hannen fan partikulieren. Nei útstellen ta in provinsjale wetterliedingfoarsjenning waard yn 1921 it wetterliedingbedriuw fan Ljouwert troch de gemeente oernaam. In jier letter gie die al wêr op yn de troch in oantal gemeenten oprjochte Intercommunale Waterleiding Gebied Leeuwarden (IWGL). Dit waard letter de Waterleiding Friesland.
Yn de jierren dêrnei waarden der in tal wettertuorren oan it wetterliedingnet taheakke. Yn 1955 giene de wetterliedingbedriuwen fan Ljouwert en It Hearrenfean byinoar.
Ein jierren ’50 waarden de lêste wettertuorren boud. Der waard nammentlik in ekonomyske kar makke oft der in wettertoer, as in wetterkelder mei pompsysteem komme moast. De bou fan in wettertoer yn Kollum gie net troch. De tiid fan de bou fan wettertuorren yn Fryslân wie dêrmei foarby.
Trochdat de tuorren harren funksje fan wettertoer ferlearen folge de delgong. Guon binne sloopt, lykas de toer yn Ljouwert op de Skrâns (1972), It Hearrenfean (1982) en Hârns (1990). Oaren binne restaurearre en falle ûnder monumintesoarch. Ek in pear hawwe in nije bestimming krige en binne omboud ta wenning as kantoar.
De wetterfoarsjenning op de Fryske Waadeilannen Skiermûntseach (1950), Flylân (1952), Skylge (1958) en It Amelân (1961) ferge in oare oanpak. Op Skier, mei twa fjoertuorren, waard de oerstallige fjoertoer omboud ta wettertoer. Op de oare eilannen waarden de wetterreservoirs op hege dunen boud.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste wettertuorren yn Fryslân wiene ek de earste wettertuorren yn Nederlân mei in Intze-reservoir. Inkele wettertuorren binne ek troch Fryske arsjitekten as yngenieurs ûntwurpen: Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma (1853-1929), Gerrit Halbertsma (1855-1928), Roelof Kuipers (1855-?) en C.J. Wierda. De tuorren fan Frjentsjer, Ljouwert (1925), Boalsert, Harns en Lippenhuzen binne ûntwurpen troch de kombinaasje fan de IWGL en de Bredasche Betonmaatschappij.
De tuorren fan It Hearrenfean wie suver gelyk oan de wettertoer fan Barendrecht fan 1912 (beide ûntwurpen troch Roelof Kuipers). De wettertuorren fan Akkrum en Sint Jabik fan 1957 binne identyk (beide ûntwurpen troch A.P. Wesselman fan Helmond). Ek de tuorren fan Dokkum en Drachten, beide ûntwurpen troch J.J.M. Vegter (1906-1982), hawwe in protte fan mekoar.
De hichte fan de wettertuorren is trochinoar fjirtich meter. De ynhâld fan de wetterreservoirs ferskilt lykwols ferskriklik: It Hearrenfean hie mar 150 m3 en Drachten hie yn totaal 1500 m3. De tuorren fan Hârns, Lippenhuzen en Drachten hiene allegear twa wetterreservoirs.
Tabel wettertuorren (op âldens)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Plak | Hichte | Ynhâld | Untwerp | Ofbyld |
---|---|---|---|---|---|
1888-1972 | Ljouwert | 37 meter | 500 m3 | H.P.N. Halbertsma en J. Verheul | |
1908 | Snits | 44 meter | 350 m3 | G. Halbertsma | |
1915 | It Hearrenfean | 42 meter | 150 m3 | Roelof Kuipers | |
1925 | Frjentsjer | 48.8 meter | 445 m3 | de IWGL en de Bredasche Beton Mij. | |
1925 | Ljouwert | 36 meter | 1000 m3 | de IWGL en de Bredasche Beton Mij. | |
1928 | De Jouwer | 30.3 meter | 150 m3 | C.J. Wierda | |
1929 | Boalsert | 38 meter | 415 m3 | de IWGL en de Bredasche Beton Mij. | |
1931 | Harns | 45.9 meter | 2 x 300 m3 | de IWGL en de Bredasche Beton Mij. | |
1932 | Lippenhuzen | 44.25 meter | 2 x 300 m3 | de IWGL en de Bredasche Beton Mij. | |
1950 | Skiermûntseach | 31.7 meter | 44 m3 | H.G. Jansen | |
1957 | Nes by Akkrum | 41 meter | 515 m3 | A.P. Wesselman van Helmond | |
1957 | Sint Jabik | 41 meter | 515 m3 | A.P. Wesselman van Helmond | |
1958 | Hoarn Skylge | 10 meter | 200 m3 | ||
1958 | Dokkum | 37 meter | 1000 m3 | J.J.M. Vegter | |
1959 | Drachten | 42 meter | 500 m3 en 1000 m3 | J.J.M. Vegter |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dit artikel heart yn de searje oersjochssiden yn de searje Bouwurken yn Fryslân
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Karstkarel, Peter - Watertorens in Friesland (1980), De Tille, ISBN 90-70010-90-9
- Veen, Henk van der - Watertorens in Nederland (1989), Uitgeverij 010, ISBN 90-6450-081-9