Westbroek
Westbroek is in eardere gemeente en dorp yn de gemeente De Bilt, yn de Utert. It doarp leit yn in lanlik gebiet noardlik fan de stêd Utert en westlik fan Maartensdijk. Westbroek hat 1.165 ynwenners (2004).
De lintbebouwing fan Westbroek grinzget oan de polders; Polder Achtienhoven, Kerkeindse Polder en Polder Westbroek yn it noarden, en Polder de Koai en natoerreservaat de Molepolder yn it suden. It uterste easten fan Westbroek is it eardere doarp Achtienhoven en wat fierder rjochting Maartensdyk leit it buorskip Achterwetering.
Westbroek hat in beskerme doarpsgesicht. De bou fan de tsjerke begûn yn 1467. Yn 1481 fochten de legers fan Utert en Hollân hjir yn de Slach by Westbroek. By it doarp stiet de wat ferfallen nôtmole De Kraai.
By de foarming fan de gemeenten waard Westbroek in eigen gemeente. Op 1 jannewaris 1812 waarden de gemeenten Westbroek en Achtiennhoven gearfoege ta de gemeente Westbroek, itjinge duorre oant 1 jannewaris 1818 doe't de gemeente fannijs opspjalte waard. Yn 1954 waard Westbroek fergrutte mei it noardlik part fa Achtienhoven. Yn 1957 waard Westbroek gearfoege mei Maartensdijk. Op 1 jannewaris 2001 waard dy by De Bilt foege.
De Bilt | ||
---|---|---|
Doarpen: Bilthoven • De Bilt • Groenekan • Hollandsche Rading • Maartensdijk • Westbroek | ||
Buorskippen: Achttienhoven | ||
· · |