Springe nei ynhâld

Walter Rethel

Ut Wikipedy

Walter Karl Paul Rethel (Wesel, 15 augustus 1892[1]1977) wie in Dútsk fleantúchûntwerper.

Al yn de Earste Wrâldkriich arbeide Rethel as yngenieur by Kondor yn Gelsenkirchen. Yn de iere jierren tweintich wurke er in skoft foar de Nederlandsche Automobiel- en Vliegtuig Onderneming (NAVO), en dêrnei by Fokker, dêr't er de Fokker B.I (in fleanboat) en de Fokker F.VII ûntwurp. Dêrnei wurke Rethel foar Arado Flugzeugwerke yn Dútslân. Op oanstean fan de Reichswehr waard er begjin 1932 ferfongen troch Walter Blume. Rethel gie by Messerschmitt oan 'e gong, dêr't er as haadyngenieur mei Willy Messerschmitt belutsen wie by it ûntwerpen fan de ferneamde Bf 109.

Walter Rethel, in neikommeling fan Alfred Rethel (1816–1859), wie de heit fan de skilder en ûntwerper Alfred Rethel (1922–2003) en pake fan aktrise Simone Rethel.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia de: Walter Rethel
  1. De NAVO: een Cuijkse vliegtuigfabriek in 1920, door Ger Graat, 7 april 2014, Brabants Historisch Informatie Centrum (BHIC)