Springe nei ynhâld

Wallia

Ut Wikipedy

Wallia (sa. 385419) wie kening fan de Fisigoaten tusken 415 oant 418. Under syn hearskippij waard it bûnsgenoatskip mei it Romeinske Ryk fernijd. Yn ruil foar in fêstigingsgebiet gienen de Fisigoaten werom yn Romeinske tsjinst. As generaal oan de side fan de Romeinen makket Wallia in ein oan de bedriging fan de Germaanske folken yn Spanje.

Under Wallia waard troch de Fisigoaten frede sletten mei de Westromeinske keizer Honorius. Hy tekene in fedrach mei de Romeinen en stjoerde Galla Plasidia, de suster fan de keizer dy't troch de Fisigoaten finzen hâlden waard tebek. As beleaning krige hy dêrfoar lân tawiisd yn Galje, wêr't de Fisigoaten harren as bûnsmaten (foederati) fan de Romeinen fêstigje mochten. Troch Wallia waard Tolosa (it hjoeddeiske Toulouse) as sit foar syn regear makke. De stêd bleau foar de rest fan de 5e iuw haadstêd fan de Fisigoaten.

Yn 418 fiert hy yn opdracht fan de Romeinen kriich op it Ibearysk Skiereilân. Hy nimt it op tsjin de dêr oanwêzige Germaanske folken dy't inkele jierren earder it ryk ynkrongen wienen en foar oerlêst soargen. Under syn lieding waarden de Silingyske Fandalen en Alanen ferneatige en de Fandalen fan Gunderik betwongen.

De klassike boarnen beskriuwe Wallia as in grut kriisman dy't him as steatsman foarsichtich manifestearre. Hy waard opfolge troch Diderik I, in bûtenechtlike soan fan kening Alarik.