Springe nei ynhâld

Waakstaffeltsje

Ut Wikipedy
Rekonstruksje fan in Romeinsk waakstaffeltsje mei trije griffels
De Ruusbroec-miniatuer yn it hânskrift K.B. Brusse, 19.295-97. Yn dizze stileare foarstelling sjogge wy in muonts (lofts) dy’t Ruusbroec foarstelle sil mei yn de lofterhân in waakstaffeltsje en yn de rjochterhân in griffel, oan it skriuwen mei in tekst. Dêr liket er ta ynspirearre te wêzen troch de Hillige Geast, dy’t yn symboalyske gedaante fan in (wite) do omfljocht. Rjochts is te sjen hoe’t in oare muonts, in kopiïst, sittend oan in skriuwtafel, de tekst fan de waakstafel kopyearret op in stik perkamint. Oan harren fuotten leit it einprodukt: in kodeks, it mei de hân skreaune midsieuske boek mei in publike funksje.

In waakstaffeltsje - Latyn: tabula - is in rjochthoekich houten plankje mei opsteande rânen dat binnen dy rânen oan ien kant bestrutsen is mei in donkere (griene, reade, swarte) bijewaaks. Mei help fan in skerppunte metalen griffel - Latyn: stilus - koe yn dy waaks in tekst skreaun wurde, yn grutte fariearjend fan in notysje / brief (bryfke) oant in side fan in boek. It waakstaffeltsje is de foarrinner fan de moderne boekfoarm: de kodeks.

Skiednis en brûken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar koarte notysjes dy’t mar ienkear opskreaun hoegden te wurden brûkten se yn de âldheid faak diggels - fan stikken rekke húshâldlik diggelguod -, klaai of oar goedkeap materiaal.
Foar’t neist is de waakstafel in Romeinske útfining mar dêroer is gjin wissens. Yn de Aldheid en de Midsiuwen hong it waakstaffeltsje mei de griffel yn in etui oan de gurdleriem fan elke belêzen man (en inkeld ek frou). It waakstaffeltsje is de foarrinner fan it ûnderwilens yn ûnbrûk rekke laaike mei krytsje, en wie tagelyk bedoeld om it skriuwen te learen. It waakstaffeltsje wie net bedoeld om ienkear te brûken, mar krektoarsom foar hieltyd wer brûken. Dêrfoar moast de brûker de yn waaks skraste letters wiskje troch de waaks earst wat te ranen en dan glêd te striken: tabula rasa. Foar it glêdstriken brûkten se de platte efterkant fan de griffel. Twa skernierjende waakstaffeltsjes mei de beskreaune kant nei binnen tsjininoar klapt koene mei in lint oaninoar bûn wurde en mei in segel fan waaks befeilige wurde tsjin nijsgjirrige eagen fan net-winske lêzers.
Njonken lytse waakstaffeltsjes binne der yn de midsiuwen ek grutte waakstafels, dy’t troch auteurs brûkt waarden om har boeken op te skriuwen. Dat proses wurdt yn byld brocht op in miniatuer yn in sammelhânskrift fan de Brabânske teolooch en mystikus Jan van Ruusbroec.

Plankje fan Tolsum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldst bekende skreaune tekst fan Nederlân is fûn yn Fryslân - te witten Tolsum - it skriuwplankje fan Tolsum. Yn de tekst stiet de Bataaf foar it earst neamd, in soldaat yn de rol fan ien fan de tsjûgen by de oerienkomst.

De griffel koe (en waard) sa nedich as stekwapen brûkt wurde - tink bygelyks oan de tige drôve Floaris dy’t foar it grêf fan syn leaf Blancefloer himsels it libben nimme woe mei it skriuwark dat er fan har presint krigen hie (fergeat Diederic van Assenede oer te setten, mar stiet wól yn de Frânske boarnetekst 'Floire et Blancheflor’') doe’t er har efterlitte moast, om’t er earne oars nei skoalle moast, mei it doel dat er hieltyd oan har tinke soe as er syn waakstaffeltsje(s) brûke soe, én as oantrún om har treastbrieven te skriuwen: leafde docht sear!

Al út de âldheid datearret de siswize Saepe stilum vertas!- 'Draai dyn skriuwstift gauris om!' - dêr’t mei bedoeld wurdt dat jo net tefreden wêze moatte mei wat jo skreaun hawwe, mar hieltyd weroan nei ferbetterings sykje moatte.

It hat der alle skyn fan dat de galei, dêr’t let-midsiuwske setters harren siden setsel parkearden, ôflaat is fan de sa betroude waakstafels.