Waach (Ljouwert)
De waach yn Ljouwert stiet oan de Nijstêd. In waach wie oer it algemien it middelpunt fan de merkstêd; dêr waard hannele, woegen en metten. Foar it bepalen fan it krekte gewicht fan it hannelsguod wie in merkkeapman eartiids oanwiisd op de waach, in publyk waachhûs. Sûnt wannear’t Ljouwert in waach hat, is net krekt bekend. De âldste fermelding fan in waach yn Ljouwert is fan 1483. Ut dat dokumint blykt ek dat de waach yn dy tiid in festige ynstitút wie. Fan oare Fryske stêden is bekend dat der oan de ein fan de 14e iuw in waach wie. It is net oannimlik dat Ljouwert yn dizze ûntwikkeling efteroan rûn, dat der wurdt fan útgien dat der ek yn Ljouwert yn de 14e iuw sprake fan in waach wie.
De waach dêr’t yn 1483 oer skreaun wurdt, hat nei alle gedachten in eintsje eastlik fan it hjoeddeiske gebou stien. De waach dy’t no op it Waachplein stiet, is om 1590 hinne boud. Yn dy tiid wie elke keapman ferplichte om syn guod wage te litten op de waach. Dy ferplichting gou benammen foar (grut)hannelers yn fleis en suvel.
It produkt dat op de waach yn Ljouwert it meast ferhannele waard wie suvel, en dan benammen bûter. Dy waard op de wyklikse merkdagen in soad oanfierd. De waach yn Ljouwert stie dêrtroch ek wol troch bekend as de ‘bûterwaach’. Der waarden fansels ek wol oare produkten woegen, mar folle minder as dy fan suvel (bûter en tsiis red.). As yllustraasje: tusken 1830 en 1860 waard jierliks trochstrings 1.656.922 kg bûter, 225.905 kg tsiis en mar 24.326 kg oan oar guod woegen. Wat opfalt is de yn ferhâlding lytsere oanfier fan tsiis. Dat hat lykwols in logyske ferklearring, it komt trochdat der yn Fryslân oant de ein fan de 19e iuw benammen bûter produsearre waard.
De Waach oan de Nijstêd is oant 1880 brûkt. Nei dat jier waard der woegen yn it nije Beurs- en waachgebou oan it beursplein. Sûnt de jierren 80 út de 20e iuw sit yn dat gebou de Iepenbiere Bibleteek. Yn it waachgebou sit in lunchroom mei in terras dat simmerdeis iepen is.