Waach
In Waach is in gebou wêr't eartiids guod woegen waard. It rjocht om in waach te besitten wie ien fan de stedsrjochten dy't in stêd krije koe. Hannelslju waarden dan ferplichte om harren produkten dy't per gewicht ferkocht waarden, yn de stedswaach weagje te litten. Foarbylden binne bygelyks bûter en tsiis. Dêrby gou faak in minimum gewicht fan 10 pûn. It brûken fan in waach befoardere fansels de earlike hannel. Dit wie ûnmisber foar de betrouberens fan de stêd as hannelssintrum.
De stêd hefte waachjild, in soart aksyns op het weagjen, wat in boarne fan ynkomsten foar de stêd foarme. Dat wie dus in iere foarm fan belesting op ferhannele guod, krektas de hjoeddeiske BTW.
Waachgebouwen yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De waach yn Dokkum
-
De waach yn Ljouwert
Tsjintwurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De waachgebouwen wurde tsjintwurdich (2005) fakentiids brûkt as restaurant of museum. Der binne noch trije waachgebouwen yn Nederlân dy't by tsiismerken ek noch harren tradisjonele funksje hawwe.