Springe nei ynhâld

Villa del Balbianello

Ut Wikipedy
Villa del Balbianello
bouwurk
De Villa del Balbianello oan 'e igge fan 'e Comomar.
De Villa del Balbianello oan 'e igge fan 'e Comomar.
lokaasje
lân Itaalje
regio Lombardije
provinsje Como
gemeente Tremezzina
plak Lenno
adres Via Comoedia 5
koördinaten 45°57′54″ N 9°12′09″ E
bysûnderheden
type bouwurk hûs
subtype filla
boujier 1787
kaart
Villa del Balbianello (Lombardije)
Villa del Balbianello
Lokaasje fan 'e Villa del Balbianello yn Lombardije.

De Villa del Balbianello is in monumintale filla yn Lenno, in doarp yn 'e gemeente Tremezzina en de provinsje Como fan 'e Italjaanske regio Lombardije. It gebou stiet oan 'e westlike igge fan 'e Comomar yn it noarden fan dy regio, op 'e útein fan it lytse, beboske skiereilantsje Dosso d'Avedo. Op 1.500 m ôfstân leit yn 'e mar it eilantsje Isola Comacina. De Villa del Balbianello waard yn 1787 boud en is ferneamd om syn ornate terrastunen. De filla is ferskate kearen brûkt as lokaasje foar de opnamen fan films. De Villa del Balbianello is tagonklik foar publyk en ferwolkomme yn 2019 135.000 besikers.

Yn 'e trettjinde iuw waard op 'e útein fan it skiereilân Dosso d'Avedo in fransikaansk kleaster boud. De beide tuorren fan 'e hjoeddeistige filla binne eins oerbliuwsels fan dat kleaster. Nei't it him net slagge wie om it eilantsje Isola Comacina te keapjen, dat deunby yn 'e Comomar leit, kocht kardinaal Angelo Maria Durini yn 1785 it yn ferfal rekke kleaster oan, dat er yn 1787 folslein ombouwe liet ta in filla dêr't er him simmerdeis weromlûke koe. Dêrby waard in loggia tafoegje (in Italjaanske pyldergong mei in balustrade), dy't twa ûnderskate panorama's op 'e Comomar bea.

De Villa del Balbianello.

Nei it ferstjerren fan 'e kardinaal yn 1796 urf syn omkesizzer Luigi Porro Lambertenghi de filla. Nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen, doe't Lombardije ûnderdiel fan it Keizerryk Eastenryk waard, wie de filla in broeinêst fan republikeinske aktiviteit en in moetingsplak foar etnysk Italjaanske nasjonalisten en frijheidsstriders. Yn 1820 wie Lambertenghi omreden fan syn politike krewearjen tsjin 'e Eastenrykske oerhearsking twongen en nim de wyk nei it suden fan it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen om dêr yn ballingskip te gean. Hy ferkocht de Villa del Balbianello doe oan syn freon Giuseppe Arconati Visconti, út it eardere laach fan 'e hartoggen fan Milaan.

Visconti liet de tunen en de loggia ferbetterje. Yn 't earstoan ferbleaune der yn syn tiid ferneamde gasten yn 'e filla, mar doe't de famylje Visconti geandewei de njoggentjinde iuw almar fierder weisakke yn ferjitnis, late dat ta in perioade fan mear as tritich jier dat de Villa del Balbianello fertutearze. Krekt foar it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch yn 1914 seach de Amerikaanske sakeman Butler Ames de filla foar it earst. Hy brocht der fuortendaliks in bod op út, dat lykwols ôfwiisd waard troch de Visconti's. Doe't Ames kear op kear weromkaam mei in heger bod, joegen se lang om let ta en slagge it him yn 1919 einlings en te'n lêsten om 'e filla te keapjen, dy't er doe folslein renovearje liet, de tunen ynbegrepen.

De erven Ames ferkochten de filla yn 1974 oan 'e Italjaanske sakeman en berchbeklimmer greve Guido Monzino, de lieder fan 'e earste Italjaanske ekspedysje dy't de top fan 'e Mount Everest berikte. Dyselde liet it eksterieur gewurde, mar liet it ynterieur fan 'e filla folslein op 'e nij ynrjochtsje mei artefakten dy't er op syn reizen gearfandele hie. Teffen foege er wichtige stikken antyk Ingelsk en Frânsk meubilêr ta út 'e achttjinde en njoggentjinde iuw, en teffens wandkleden en Easterske tapiten. Nei de moard op 'e Italjaanske premier Aldo Mori troch de Reade Brigades, yn 1978, begûn Monzino oer syn eigen feilichheid yn te sitten en liet er in stelsel fan geheime gongen yn 'e filla yn bouwe.

In trouwerij yn 'e Villa del Balbianello.

Doe't Monzino yn 1988 ferstoar, liet er de Villa del Balbianello mei it grutste part fan 'e Dosso d'Avedo en dêropta in jildbedrach foar ûnderhâld nei oan it Fondo per l'Ambiente Italiano (FAI), de Italjaanske nasjonale organisaasje foar monumintesoarch. De tunen fan 'e filla waarden oansletten by de Grandi Giardini Italiani (GGI). Yn 2016 liet de FAI de filla renovearje foar in bedrach fan 413.000. Dêrby waard û.m. de oanlissteger ferbettere, de ferwaarming (dy't noch op disel stookte) modernisearre, en teffens waarden nije befeiligingsmaatregels, needferljochting en brânprevinsjemetoaden ynstallearre. Yn 2018 wie de Villa del Balbianello it plak dêr't it houlik fan 'e tige ferneamde Yndiaaske filmstjerren Ranveer Singh en Deepika Padukone plakfûn.

Omreden fan 'e skildereftigens fan 'e lokaasje hat de Villa del Balbianello de lokaasje west foar de opnamen fan ferskate films. Dêrûnder wiene de romantyske komeedzje A Month by the Lake (1995), mei Uma Thurman, en de rampefilm His Demise (2016). Yn 'e James Bond-film Casino Royale (2006) is de Villa del Balbianello it plak dêr't James Bond (Daniel Craig) in oare geheim agint foar MI6, René Mathis (Giancarlo Giannini), dy't er fan ferrie fertinkt, oppakke lit en dêr't er opbetteret fan syn ferwûnings en fereale rekket op Vesper Lynd (Eva Green). Yn 'e Star Wars-film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) is de filla it plak op 'e planeet Naboo dêr't senator Padmé Amidala (Natalie Portman) en har Jedi-liifwacht Anakin Skywalker (Hayden Christensen) ûnderdûke foar de lju dy't de senator fermoardzje wolle en dan fereale opinoar reitsje wylst dat eins ferbean is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.