Springe nei ynhâld

Vejle

Ut Wikipedy
Vejle
Riedhûs
Riedhûs
Emblemen
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Súd-Denemark
Gemeente Vejle
Sifers
Ynwennertal plak: 61.310 (2023)
gemeente: 120.946 (2023)
Oerflak gemeente: 1058,6 km²
Oar
Postkoade 7100 Vejle en 7120 Vejle Øst
Tiidsône UTC 1
Koördinaten 55° 42' N 9° 32' E
Offisjele webside
www.vejle.dk
Kaart
Vejle (Súd-Denemark)
Vejle

Vejle is in stêd yn Denemark, yn it súdeasten fan it skiereilân Jutlân en oan 'e kop fan it Vejle Fjord, op it plak dêr't de Vejle en de Grejs rivier gearkomme. It is de haadstêd fan 'e gemeente Vejle en de regio Súd-Denemark. De stêd sels hat in befolking fan 61.310 minsken (2023) en is dêrmei de njoggende grutste stêd fan Denemark. De gemeente Vejle hat in befolking fan 120.946 minsken (2023). De stêd is ûnderdiel fan 'e Triangle Region, in gearwurkingsferbân tusken de gemeente Vejle en de gemeenten Kolding en Fredericia.

Vejle is meast bekend foar syn beboske heuvels, fjord, haven, sintrum, en syn markante wynmûne.

It wurd "Vejle" is ûntliend fan it Alddeenske wurdsje wëthel, dat safolle betsjut as "furde" of "wâdplak". Dy namme hat mei de lokaasje te krijen. Eartiids wie der in drokke oergong oer it wetter by Vejle. Yn 'e tiid fan 'e Wytsingen waard de Ravningbrêge oanlein, in hast heale kilometer houtene brêge. De earste melding fan 'e stêd is fan 1256 en de earst bekende keapmansrjochten fan 'e stêd joech kening Waldemar III yn 1327.

Argeologyske fynsten by de Sint-Nicolaastsjerke yn 'e binnenstêd fan Vejle litte sjen dat der om 1100 al in delsetting wie. It kastiel fan de kening, Castrum Wæthel, leit op it plak dêr't hjoed-de-dei it Vejle Transit Center is.

Wynmûne fan Velje

Yn 'e midsiuwen wie Vejle in wichtige merkstêd dy't him oant en mei de midden fan 'e 17e iuw ûntwikkele en in protte hannel dreau mei stêden as Lübeck en Flensboarch.

Yn 'e lette 17e en begjin 18e iuw waard Vejle syn befolking as gefolch fan pest en oarloch fermindere. Nettsjinsteande waard Vejle yn 1796 sit fan de nije provinsje (amt) Vejle en de stêd koe him troch fernijïngen yn de 19e iuw (nije haven, treinstasjon, bedriuwen) útwreidzje.

Fan healwei de 19e ieu yn de 20e ieu ûntwikkele Vejle him fan provinsjale merkstêd nei in drok yndustriëel sintrum mei grutte katoenfabriken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vejle fan Wikimedia Commons.