Springe nei ynhâld

Vasili III fan Moskou

Ut Wikipedy
Vasili III fan Moskou
aadlik persoan en/of hearsker
bynamme Ivan de Grutte
nasjonaliteit Moskovysk
bertedatum 25 maart 1479
berteplak Moskou
stjerdatum 3 desimber 1533
stjerplak Moskou
dynasty Rjoerikiden
etnisiteit Russysk
grutfoarst fan Moskou
regear 15051533
foargonger Ivan III fan Moskou
opfolger Ivan de Grousume

Vasili III Ivanovitsj (Russysk: Васи́лий III. Ива́нович) (berne op 25 maart 1479 yn Moskou, ferstoarn op 3 desimber 1533 yn Moskou) wie fan 1505 oant 1533 grutfoarst fan it Moskou.

Vasili wie de soan fan Ivan III en Sofia Palaiologina en waard ûnder de namme Gavriil (Гавриил; Gabriel) doopt. Vasili hie trije bruorren:

  • Joeri Ivanovitsj (1480-1536)
  • Semjon Ivanovitsj (1487-1518)
  • Andrei Ivanovitsj (1490-1537)

Utwreiding foarstedom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vasili gie fierder mei de polityk dy't syn heit al ynset hie om de Russyske lannen te ferienigjen en stadichoan de apanage-foarstedommen ôf te skaffen. Hy anneksearre noch de lêste autonome gebieten: Pskov yn 1510, Volokolamsk yn 1513, de foarstedommen Rjazan en Novgorod-Siverski yn resp. 1521 en 1522 en hy wist boppedat yn 1512 mei help fan de Litouske prins Michail Hlinski, dy't artillery en saakkundigen levere, ek Smolensk, it eastlike fort fan Litouwen, te oermasterjen. Vasili stifte út tankberens foar de oermastering fan Smolensk yn Moskou it Novodevitsji-kleaster. It ferlies fan Smolensk wie de earste slach dy't Moskoovje tabrocht oan Litouwen.

Vasili wie ek súksesfol tsjin it kanaat fan de Krim. Tsjin it ein fan syn bewâld hearske er oant de Wolga ta. Yn de jierren 1531-1532 sette er Cangali khan fan it fazalkanaat fan Qasim op 'e troan fan it kanaat Kazan.

Ynlânske polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vasili hie de stipe fan de Tsjerke yn syn striid tsjin de feodale opposysje. Vasili besocht aktyf in ein te meitsjen oan de ûnskeinberens en de privileezjes fan de bojaren en adel. Mei tsjinstanners weefde er lykas oare foarsten mei hurde hân ôf troch ferballing of eksekúsje. Sa waard de metropolyt Varlaam ferballe, om 't er wegere mei te striidzjen tsjin de apanage-prins Vasili Sjemjatsjitsj. Ek de Rurikidenprinsen Vasili Sjûjski en Ivan Vorotynski waarden ferballe. De steatsman Ivan Bersen-Beklemisjev, ien fan de meast foaroansteande diplomaten, waard yn 1525 eksekutearre fanwegen syn krityk op it belied fan Vasili en de skriuwer-oersetter Maksim de Gryk en de steatsman Vassian Patrikejev waarden feroardiele yn 1525 resp. 1531 fanwegen harren krityk op Vasili's skieding fan syn earste frou.

Vasili III stelt syn nije frou Elena Glinskaja yn it paleis foar (1526)
Klavdi Lebedev

Vasili III wie troud mei Solomonia Sabûrova mar nei in houlik fan al 20 jier wie der noch gjin erfgenamt foar de troan. Solomonia brocht in besite oan tsjoenders om dat te ferhelpen en hja gyng ek op beafeart, mar dat die gjin fertuten en Vasili socht lang om let rie by de bojaren en fertelde dat er syn bruorren net fertroude mei Russyske steatssaken. De bojaren kamen mei it útstel om in oare frou te nimmen en ek al wie de Tsjerke dêr poer op tsjin, Vasili gie by syn frou wei en boaske Elena Glinskaja, in dochter fan prins Vasili Glinski († 1515), dy't ôfstamme fan in Tataarske clan, en de Servyske prinsesse Ana Jakšić en omkesizzer fan Vasili's freon Michael Glinski. It earste houlik waard yn novimber 1525 neatich ferklearre en Solomonia waard nei in kleaster ferballe; hja ferstoar yn Sûzdal yn 1542.

Om't Elena katolyk grutbrocht wie, hiene de bojaren net in soad op mei de twadde frou fan Vasili. Dy wie lykwols sa fereale, dat er him fan nimmen wat oanluts, ek net fan de Tsjerke; hy liet him sels it burd ôfknippe om der wer wat jonger út te sjen. Nei trije dagen feest waard it houlik konsumearre, mar ynearsten like it dat Elena like ûnfruchtber wie as Solomonia. It folk begûn te tinken dat dat in teken fan Gods ôfkarring wie. Mar de tsaritsa rekke dochs swier en joech ta grutte foldwaning fan it folk berte oan in soan, dy't him letter opfolgje soe as Ivan IV. Om de berte fan de erfgenamt te fieren liet Vasili III de Himelfeartstsjerke bouwe. Trije jier letter stoar de grutfoarst. Syn widdo waard regintesse.

Trije jier letter waard der noch in twadde soan berne, Joeri. It praat gyng dat ek Slomonia Sabûrova, mar in pear moanne nei de skieding, berte joech oan in soan yn it kleaster dêr hja opsletten siet.

Wylst Vasili op it hynder yn de omkriten fan Volokolamsk oan it jeien wie, krige Vasili bot lêst fan syn rjochter bil, nei't bliken die troch in ûnderhûdsk abses. Hy waard nei it doarp Kolp brocht, dêr't twa Dútske dokters nei him seagen, mar hja koene him fierder net helpe mei gewoane medikaasje. Om't Vasili wol yn 'e rekken hie dat it net lang mear duorje soe, frege er dat se him werom brochten nei Moskou, dêr't er op 25 novimber 1533 oankaam. Noch flak foar syn dea waard er muonts en naam er de namme Varlaam oan. Vasili ferstoar dy nachts op 3 desimber 1533 oan bloedfergiftiging.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vasili III of Russia