Springe nei ynhâld

Ushuaia

Ut Wikipedy
Ushuaia
Ushuaia yn 2009
Ushuaia yn 2009
Bestjoer
Lân Argentynje
Provinsje Tierra del Fuego, Antártida e Islas del Atlántico Sur
Departemint Ushuaia
Boargemaster Federico Sciurano
Sifers
Ynwennertal 56.956 (2010)
Oerflak 23 km²
Befolkingsticht. 2.500 / km²
Stêdekloft n.f.t
Hichte 23 m
Oar
Stifting 12 oktober 1884
Tiidsône UTC-3
Offisjele webside
Webstee fan Ushuaia
Monumint ta oantins fan de Falkland/Malvinas-oarloch
Kaart fan Ushuaia

Ushuaia is de meast súdlike stêd fan de wrâld. It plak leit oan de súdkust fan de provinsje Tierra del Fuego fan Argentynje, oan it Beaglekanaal. De stêd hat sa'n 60.000 ynwenners.

It plak lûkt in soad toeristen, dy't it Nasjonaal park Tierra del Fuego sjen wolle of tochten op it Beaglekanaal meitsje wolle om de pleatslike floara en fauna te ûnderfinen. Tichtby leit in lofthaven.

Yn 1870 waard it gebiet foar it earst besocht troch Ingelske misjonarissen. Yn 1884 ferovere de Argentynske marine Ushuaia. Wichtich foar de ûntjouwing fan de stêd wie de bou fan it Presidio yn 1902 op it Isla de los Estados, in finzenis dy't earst yn 1920 klear wie. De feroardielden, meast geweldplegers, mar ek politike finzenen, leine de it smelspoar Ferrocarril Austral Fueguino oan, dat hjoe de dei toeristen nei it Nasjonaalpark Tierra del Fuego ferfierd. De finzenis waard yn 1947 sletten. Der húsmanje no mear as ien museums yn it gebou: it Museo Presidio, in skipfeartmuseum en ien oer de ekpedysjes nei Antarktika dy't faak yn Ushuaia út ein setten. Ien fan de ferneamdste finzenen fan de Presidio wie skriuwer Ricardo Rojas.

Berne yn Ushuaia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]