Springe nei ynhâld

Tyne

Ut Wikipedy
De Tyne Bridge tusken Newcastle upon Tyne en Gateshead
De Tyne by Bill Quay

De Tyne is in rivier in Noard-Ingelân. De river fan 118 km lingte streamt troch de stêd Newcastle upon Tyne.

De Tyne ûnstiet út de gearrin fan de rivieren, de Noardlike Tyne (North Tyne) en de Súdlike Tyne (South Tyne). De North Tyne ûntspringt oan de Skotske grins, en rint dêrnei troch it Kielder Forest, sûnder foar Hexham in plak fan belang oan te dwaan.

De South Tyne syn boarne leit yn Alston-Moor, Kumbria, en rint troch de plakken Haltwhistle en Haydon Bridge yn in delling dy't Tyne Gap neamd wurdt. De Muorre fan Hadrianus leit noardlik fan de Tyne Gap. Tafallich leit de boarne fan de Súdlike Tyne net fier fan dy fan de rivieren de Tees en de Wear.

De twa streamen komme byelkoar by Warden Rock ûnder Hexham yn Northumberland by in plak dat Meeting of the Waters hjit. Fan dat punt ôf giet de rivier fierder as de Tyne.

It greefskip Tyne en Wear is nei de rivier neamd.