Springe nei ynhâld

Tsjintsjilla

Ut Wikipedy
tsjintsjilla
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wolmûzen (Chinchillidae)
skaai tsjintsjilla's (Chinchilla)
soarte
Chinchilla lanigera
Bennett, 1829
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

De tsjintsjilla (wittenskiplike namme: Chinchilla lanigera), ek wol gewoane tsjintsjilla, lytse tsjintsjilla of Sileenske tsjintsjilla neamd ta ûnderskie fan syn neie sibbe de keningstsjintsjilla (Chinchilla chinchilla), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae) en it skaai fan 'e tsjintsjilla's (Chinchilla). Fan oarsprong komt dit bist foar yn Sily, mar fanwegen har tichte pels binne tsjintsjilla's troch de minske oer de hiele wrâld ferspraat foar de pelsdierfokkerij.

De tsjintsjilla is lânseigen yn it heuvelige foarlân fan 'e Andes, yn 'e Súdamerikaanske lannen Sily en Perû. Yn 'e santjinde iuw ûntdieken de Spaanske kolonisten dit bist mei syn bysûndere pels. Fan dy tiid ôf waarden tsjintsjilla's fûleindich bejage, en waarden de pelzen massaal nei Jeropa skipe. Yn 'e njoggentjinde iuw wiene tsjintsjillapelzen mei kofje it wichtichste útfierprodukt fan Súd-Amearika. Troch oerbejaging kaam de tsjintsjilla healwei de njoggentjinde iuw net mear foar besuden de rivier de Choapa, en om 1910 hinne wied er yn it wyld sa goed as útstoarn. Yn Perû komme se dan ek net mear foar. Allinnich yn Sily libje noch ferskate wylde populaasjes, yn it Reserva Nacional las Chinchillas, te Aucó, by Illapel, yn Regio IV, en yn La Higuera, sa'n 100 km benoarden Coquimbo.

In tsjintsjilla.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjintsjilla hat trochinoar in kop-romplingte fan 22-26 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 13 sm en in gewicht fan 370-495 g by mantsjes en 380-450 g by wyfkes. Dit bist ferskilt fan syn syn sibbe, de keningstsjintsjilla (Chinchilla chinchilla), trochdat er lytser fan stal is en in langere sturt hat. Yn finzenskip binne tsjintsjilla's boppegemiddeld grut mei in dúdliker seksuële dimorfy: finzen mantsjes kinne in gewicht fan 600 g berikke, mar wyfkes kinne wol 800 g weagje. Tsjintsjilla's binne fan natuere op 'e kiel en de bealch wyt, en hawwe fierders oer it hiele lichem hier fan ljochter of dûnkerder tinten griis of blauwich sulver, hoewol't yn finzenskip ek bisten foarkomme dy't bêze, brún of swart binne. It hier op 'e sturt stiet bytiden sa út, dat it suver wol in plomsturt hjitte mei. Tsjintsjilla's hawwe lange snorhierren fan 10-13 sm lang. De eagen binne grut en swart, en de earen oant 4½ sm lang en rûnich fan foarm.

De wittenskiplike namme fan 'e tsjintsjilla, lanigera, betsjut safolle as "mei in wollene jas oan". Dat doocht net alhiel, mei't tsjintsjilla's gjin pels fan wol hawwe, mar fan hier. Yndividuële hierkes binne 2-4 sm lang, mei grize, wite en swarte bannen, en sitte stevich fêst oan 'e hûd. Dizze pels is hiel sêft en tige by tige ticht: der kinne wol 75 hierkes út ien hiersekje groeie. Tsjintsjilla's fersoargje harren pels troch op deistige basis in sânbad te nimmen, wat smoargens en fet út har hier ferwideret.

Der besteane trije haadfariëteiten fan 'e tsjintsjilla, dy't lykwols net ûndersoarten neamd wurde meie. De la plata-tsjintsjilla is swierder boud en hat in sterker ûntwikkele spierstruktuer, sadat er in rûnere foarm hat, mei in koarte, brede kop, fierder útinoar steande koartere earen en brede skouders. De costina-tsjintsjilla is behindiger fan lichemsbou, mei langere efterpoaten, koartere foarpoaten, smellere skouders en wiid útinoar steande langere earen. De raton-tsjintsjilla liket kwa lichemsbou sterk op 'e la plata, mar de snút is puntich, krekt as by de costina, en de earen steane ticht byinoar en wize nei efteren. Boppedat is dizze lêste fariëteit opfallend lytser as de oare beide typen.

In tsjintsjilla ferheft him op syn efterpoaten.

It natuerlike biotoop fan 'e tsjintsjilla is it heuvelige foarlân fan it Andesberchtme. Dêr is it by 't simmer oerdeis oant 30° C, mar nachts mar sa'n 7° C, wylst it der winterdeis faak friest. Dêrfandinne dat tsjintsjilla's sa'n tichte pels brek binne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintsjilla's binne tige sosjale bisten, en it hâlden fan in inkeld eksimplaar is dan ek ôf te rieden. It binne linige klimmers, by wa't brutsen bonken opmerklike fluch genêze. Se komme ornaris yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage foar 't ljocht en binne ek wol nachts aktyf, wêrby't se gebrûk meitsje fan harren lange snorhierren om op 'e taast har paad te finen. Dy snorhierren binne sa lang dat tsjintsjilla's dêroan merke kinne oft in trochgong tusken de rotsen breed genôch foar har is om troch te passen: as de snorhierren net bûge, is der genôch romte.

In plaid fan tsjintsjillabûnt.

De tsjintsjilla is by steat om ferskate lûden te meitsjen. Yn 'e deistige omgong piipje se súntsjes of gnoarje se, wat bedoeld is om 'e sosjale bannen yn 'e groep te ûnderhâlden. As der gefaar driget, litte se har alaarmrop hearre, dy't wol wat wei hat fan blaffen of keffen. As in tsjintsjilla lulk wurdt, ferheft er him op 'e efterpoaten, wêrby't er in grommeljend lûd fuortbringt, en as dat net helpt om 'e bedriger te ferdriuwen, brûkt er urine om 'e bedriger te besproeien.

Yn it wyld falt by tsjintsjilla's de peartiid tusken oktober en desimber, wat op it súdlik healrûn de maityd is. Hoewol't in protte boarnen beweare dat tsjintsjilla's monogaam binne, is dêr net in soad bewiis foar. As in wyfke jachtich is, kinne mantsjes dat rûke. Nei de pearing folget in draachtiid fan likernôch 111 dagen. De heit helpt it wyfke by it grutbringen fan 'e jongen, dy't op syn gaust mei 8 wiken ôfwûn wurde en as dat nedich is mei 12 wiken selsstannich oerlibje kinne. De mem kin yn prinsipe fuort nei it smiten op 'e nij jachtich wurde en pearje. Fan 'e jongen binne de wyfkes mei 5 moannen foar it earst jachtich, al wurde se yn finzenskip pas mei 9-12 moannen as fokryp beskôge.

In dravende tsjintsjilla.

Tsjintsjilla's binne herbivoaren, dy't benammen toarre gerzen, krûden en blêden fan strewelleguod frette. Se kinne net oer sûker, fet of fochtige itensdielen, mei't har spiisfertarringsstelsel dêrtroch fan slach rekket. Oars as de measte kjifdieren is de tsjintsjilla ek gjin siede-iter. Yn finzenskip bestiet it menu fan tsjintsjilla's foar 60% út hea. Krekt as oare kjifdieren en kninen ite tsjintsjilla's tydlingswei har eigen kjitte op. Dat dogge se om't der by de spiisfertarring yn 'e terms fitamine B12 ûntstiet; troch har eigen kjitte te fretten, krije se dy fitamine binnen. Om't har fretten drûch is, kinne tsjintsjilla's net sûnder wetter.

De tsjintsjilla hat de IUCN-status fan "krityk", mei't er yn it wyld sterk yn syn fuortbestean bedrige is. Yn Sily hat dizze soarte de op ien nei heechste konservaasjeprioriteit fan it lân. Lokkigernôch bestiet der troch de grutte populaasjes dy't yn finzenskip holden wurde, gjin gefaar fan útstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.