Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Panagia Kapnikarea

Ut Wikipedy
Panagia Kapnikareatsjerke
Εκκλησία της Παναγίας Καπνικαρέας
Lokaasje
lân Grikelân
plak Atene
koördinaten 37° 58' N 23° 43' E
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
Kaart
Tsjerke fan Panagia Kapnikarea (Atene)
Tsjerke fan Panagia Kapnikarea

De Tsjerke fan Panagia Kapnikarea (Gryksk: Εκκλησία της Παναγίας Καπνικαρέας) of allinne Kapnikarea (Καπνικαρέα) is in Gryksk-otterdokske tsjerke yn it sintrum fan 'e Grykske haadstêd Atene. It is ien fan 'e âldste tsjerken yn Atene.

Der wurdt fan útgien dat de tsjerke earne yn 'e 11e iuw boud waard, mooglik om 1050 hinne. Lykas wênst mei in soad ier-kristlike tsjerken waard de tsjerke boud oer in heidenske Grykske timpel, faaks wijd oan Atene of Demeter. Doe't kening Otto I de Beierske arsjitekt Leo von Klenze útnoege om de stêd op 'e nij oan te lizzen soe de tsjerke sloopt wurde. It wie de kening fan Beieren, Loadewyk I, dy't beswier makke tsjin de ôfbraak en der yn slagge om it monumint te behâlden.

Plattegrûn.

It liket der op dat de Kapnikarea-tsjerke oarspronklik in katolikon fan in kleaster west hat. De tsjerke bestiet út in kompleks fan trije ferskillende dielen, dy't oan inoar boud binne: de grutte súdlike tsjerke dy't oan 'e presintaasje fan Marije oan 'e Timpel wijd is; de kapel fan Barbara oan 'e noardlike kant en de eksonarteks mei de foarhal oan 'e westlike kant.

De súdlike tsjerke is de grutste fan 'e twa tsjerken en hat in koepel. Op grûn fan morfologyske kritearia wurdt de tsjerke krekt efkes nei 1050 datearre.

De tsjerke stiet yn it sintrum fan Atene sintraal yn it drokke winkelgebiet fan 'e Ermou-strjitte, op de grins mei it Plaka-distrikt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of Panagia Kapnikarea