Tsjerke fan Jheringsfehn
Prot-lutherske Jehannestsjerke Evangelisch-lutherische Johanniskirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Jheringsfehn | |
adres | Boekzeteler Str. | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1864 | |
boustyl | Neoromaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Jheringsfehn of de Jehannestsjerke is in protestantsk-lutherske tsjerke yn Jheringsfehn yn 'e Eastfryske gemeente Moormerland. De tsjerke waard op 21 maart 1864 plechtich yn gebrûk nommen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boekzetelerfehn en Jheringsfehn binne relatyf jonge plakken en ûnstiene yn 1647 resp. 1660. Tegearre mei it plakje Jheringsbeek fregen de doarpen op 13 maart 1826 tastimming foar de bou fan in eigen tsjerke. Yn dy tiid hearden de plakken tsjerklik by Hatshausen en Timmel. It duorre lykwols noch fjirtich jier ear't útein set wurde koe mei de bou fan in ienfâldich tsjerkegebou mei in ynsnuorre apsis. De tsjerke stiet op 'e grins fan Jheringsfehn en Boekzetelerfehn en waard op 21 maart 1864 feestlik ynwijd.
De Jehannestsjerke is in neoromaansk gebou mei grutte rûnbôgige finsters, lisenen en in rûnbôgenfries. De súdlike tagong fan de tsjerke is ornearre foar de ynwenners fan Jheringsfehn en hat in lyts foarportaal. De tagong foar de gemeenteleden fan Boekzetelerfehn is troch de westlike toer.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur fan 'e tsjerke wurdt oerkape troch in blau balkeplafond. Banken, alter, preekstoel en oargel datearje allegear út de boutiid. De kroanluchters yn 'e tsjerke binne troch gemeenteleden skonken. Ta oantinken fan it 50-jierrich jubileum fan 'e tsjerke krige de tsjerke yn maart 1914 in brânskildere raam fan Jezus, dy't de sinkende Petrus de hân rikt. It raam is yn 'e midden fan 'e noardlike muorre ynbrocht.
Yn 'e likernôch 31 meter hege klokketoer hingje twa klokken, dy't yn 1928 de earder yn 'e Earste Wrâldkriich omraande klokken ferfongen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is fan Gerd Sieben Janssen en hie ynearsten 8 registers. Alfred Führer ferboude en fergrutte it oargel yn 1961 en 1991, sadat it ynstrumint no 15 registers op twa manualen hat. De oargelkas en in pear registers binne noch oarspronklik.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|