Springe nei ynhâld

Trekskip

Ut Wikipedy
Trekskip op âlde printbriefkaart fan 1922 út Folendam.
Binnenkant fan in trekskip op de Haarlimmertrekfeart (Amsterdam) yn 1760.
Tekening fan in trekskip op de Nieuweramstel, 1700-1725.

In trekskip (ek trekskûte en lûkskip) is in histoarysk skip mei in roefke, dat troch in hynder of troch minsken fan de wâl ôf lutsen wurdt. It trekskip waard foaral foar passazjiersferfier brûkt.

It ûntstean fan it trekskip wurdt yn ferbân brocht mei de iepening fan it kanaal Willebroek - Brussel yn 1561. Bekend is dat Willem fan Oranje yn 1577 mei in trekskip oer dit kanaal reizge. Ek is bekend dat yn 1582 by Leiden ek al mei it trekskip reizge wurde koe. De âldst bekende akte foar reizgersferfier per trekskip datearret út 1618 en slacht op de rûte Brussel - Antwerpen.
Yn het goa Hollân, Fryslân en yn Stêd en Ommelân waarden nei 1632 in protte trekfearten oanlein.[1] De earste Nederlânske trekfeart wie de Haarlimmertrekfeart, tusken Amsterdam en Haarlim. Yn 1631 tsjinnen dizze stêden by de Steaten fan Hollân in fersyk yn om in trekfeart oan te lizzen, en yn 1634 wie de trekfeart klear. Yn de 17e en 18e iuw wiene yn dy kriten in soad ferbinings dy't mei it trekskip ûnderhâlden waarden. Ljouwert hie geregelde tsjinsten op Harns, Boalsert, Snits, Dokkum en twaris yn 'e wike op Amsterdam.[2] Oan de komst fan it spoar yn de 19e iuw ta, wie de meast noflike, betroubere (ûnôfhinklik fan de wyn) en goedkeapste wize fan reizgjen dy mei it trekskip. Benammen Nederlân hie in ticht netwurk fan trekfearten dy't doarpen en stêden mei inoar ferbûn. It is ien fan de foarrinners fan it nijmoadrige iepenbier ferfier west: it skip farde neffens in tsjinstregeling en naam elsenien dy't it fêstleine bedrach betelje woe mei.

It skip waard lutsen troch in hynder mei op syn rêch it snikjong, ek wol jagertje, neamd. Dit lûken wurdt jeien neamd. It paad dêr't de skipjager oer rint hjit jaachpaad. De line waard op sekere hichte oan de mêst fêstmakke sadat dy boppe strewiel en pealwurk op de ouwer bleau. Yn bochten en op krusings mei oare fearten stiene rolpeallen dêr't de jaachline omhinne laat waard sadat it skip net yn de wâl lutsen wurde koe.[3] Mei in hynder yn 'e draf helle sa'n skip likernôch 7 km yn de oere.

Foar de trekfeart waarden spesjale skipstypen brûkt. Sy moasten nochal licht wêze om de faasje deryn hâlde te kinnen. Tekeningen út de 17e iuw litte sjen dat de skipkes faak in rjochte fallende stjûne hiene. Yn Grinlân en Súd-Hollân waard de snebbeschuit in soad brûkt. Yn Noard-Hollân waarden trekskippen meast as kaag oantsjut. Yn 1621 stelt it Grinzer stedsbestjoer de rûne foarstjûne ferplicht, dêrtroch ûntstie de skerpe pream. In oar skipstype dat in protte foar de trekfeart brûk waard is de snikke. Yn 1645 wurde de snikkeskippers foar it earst neamd, nammentlik yn Ljouwert.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. G. J. Schutten: Verdwenen Schepen, de houten beroepsvaartuigen, vrachtvaarders en vissersschepen van de Lage Landen, Zutphen 2007, ISBN 9789057304866 , side. 167
  2. Brouwer, J. H. e.o., Encyclopedie van Friesland, 1958. Trekschuit
  3. Frans Prins e.a.: Punterbouw Schreur, 11 generaties punterbouwers. Giethoorn 2008, blz. 77
  4. G. J. Schutten: Verdwenen Schepen, de houten beroepsvaartuigen, vrachtvaarders en vissersschepen van de Lage Landen, Zutphen 2007, ISBN 9789057304866 , side. 168