Treinramp by Harmelen
Treinramp by Harmelen | ||
Ravaazje op it plak fan de ramp | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | treinramp | |
oarsaak | Flater fan de masinist troch tichte mist; fertraging | |
datum | 8 jannewaris 1962 | |
tiid | 9.19 oere | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Utert | |
plak | De Putkop | |
statistiken | ||
deaden | 93 | |
ferwûnen | 52 | |
lokaasje | ||
Lokaasje fan 'e treinramp yn Nederlân.
|
De treinramp by Harmelen barde op moandei 8 jannewaris 1962 om 9.19 oere by it Utertske doarp Harmelen oan de spoarline Utert - Woerden. By de botsing tusken twa passazjierstreinen foelen 93 deaden en 52 ferwûnen, wêrmei't dit de grutste treinramp út de skiednis fan de spoarwegen yn Nederlân is. It ûngelok waard beskôge as nasjonale ramp. Freed 12 jannewaris 1962 waard as dei fan nasjonale rou ôfkundige en de Hilversumske radiostjoerders stjoerden de tuskenlizzende dagen allinnich in oanpaste programmearring út.
Hoewol't dit ûngelok bekend bleau as de treinramp by Harmelen, fûn it plak by de buorskip De Putkop, op it grûngebiet fan de doetiidske buorgemeente Kamerik. De deaden waarden dêrom yn it register fan de gemeente Kamerik byskreaun.
Belutsen treinen en omstannichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it ûngelok wiene twa treinen belutsen. De earste wie stoptrein 464 (Rotterdam – Gouda – Woerden – Breukelen – Amsterdam). Dizze trein gie om 9.15 oere ôf út Woerden mei nei skatting 180 reizgers oan board. De trein bestie út twa treinstellen (700 en 297), yn totaal seis rydtugen (fan it type Mat '46).
De oare belutsen trein wie sneltrein 164 (Ljouwert – Swol – Amersfoort – Utert CS – Rotterdam) mei sa'n 900 ynsittenden (lokomotyf 1131 en 11 rydtugen, foar it meastepart plan E en Mat '24 rydtugen).
Op it momint fan de ramp hong der in tichte mist yn de polder dêr 't de spoarline fan Breukelen nei Woerden op gelikense hichte oansleat op de line fan Utert nei Woerden. Op it stuit fan it ûngelok waarden al proeven dien mei it treinbeynfloedingssysteem ATB, mar dit wie noch net ynboud op it spoar by Harmelen of yn ien fan de belutsen treinen.
Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 jannewaris 2012 waard troch Pieter van Vollenhoven in monumint ûntbleate foar de slachtoffers fan de ramp, dy 't op dy dei presys fyftich jier lyn bard wie.
It monumint is in ûntwerp fan keunstner Taeke de Jong út Kamerik en stienhouwer Maurice van Dam út Woerden. De heit fan Taeke de Jong wie as gemeentedokter fan Harmelen belutsen by de identifikaasje fan de slachtoffers.
It ûntwerp bestiet út twa hurdstiennen platen fan twa meter heech dy 't bryk yn ferliking mei inoar steane en dêr 't de 93 nammen fan de slachtoffers steane. Tusken de platen troch is it plak fan it ûngelok te sjen. In reade hurdstiennen sokkel, mei dêrop in lichem sûnder holle, sûnder earmen en mei heale skonken, dat de slachtoffers ferbyldet, stiet wat foar de platen yn 'e midden. Op de foarkant fan it monumint plakette mei de datum fan de ramp en it tal slachtoffers.