Tom van Mourik
Tom van Mourik | ||
politikus | ||
Tom van Mourik (2019) | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 7 maart 1957 | |
berteplak | Snits | |
partij | VVD | |
Waarnimmend boargemaster Memameradiel | ||
amtsperioade | 2012-2017 | |
Waarnimmend boargemaster Smellingerlân | ||
amtsperioade | 2017-2019 |
Tom van Mourik (Snits, 7 maart 1957) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard grutbrocht yn Ferwert as soan fan boargemaster W. van Mourik (1919-1980) en gie nei de Kristlike skoallemienskip 'Oostergo' yn Dokkum.
Hy wurke by de gemeente Dokkum (1977) en sûnt 1980 lange tiid by Tytsjerksteradiel. Dêrnjonken wie er aktyf yn lokale polityk. Van Mourik wie fan 1998 ôf VVD-fraksjefoarsitter by de gemeenteried fan Ljouwert. Begjin 2003 waard er wethâder yn Ljouwert en soe dat trije jier bliuwe. Maart 2007 waard er yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân keazen en ek dêr waard er fraksjefoarsitter. Teffens waard er yn dat jier wethâlder yn Flylân. Yn 2011 waard Van Mourik troch de oare steateleden keazen ta bêste steatelid mei de measte kennis fan saken [1] .
Ier yn 2012 folge syn beneaming ta waarnimmend boargemaster fan Menameradiel; hy wie dêr de opfolger fan Gerrie van Delft-Jaasma.
Fan 15 july 2017 oant 6 maart 2019 wie er waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân. Op 26 maart 2019 waard er yn dy gemeente opfolge troch Jan Rijpstra (* 1955)[2].
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Mourik is troud mei sjoernaliste Irene Overduin.
Njonkenfunksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Foarsitter Merk Fryslân
- Foarsitter fan Museumfederaasje Fryslân
- Foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan Kredytbank Nederlân [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |