Tolbert
Tolbert | ||
Herfoarme tsjerke Tolbert (2011) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.455 (2023) [1] | |
Oerflak | 12,74 km² dêrfan lân: 12,61 km² dêrfan wetter: 0,14 km² | |
Befolkingsticht. | 350 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A7, N372, N979 | |
Postkoade | 9356 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Tolbert is in plak yn it Westerkertier yn de Grinslânske gemeente Westerkertier. Yn 2019 hiene Tolbert en it bûtengebiet fan it doarp 4.455 ynwenners.[2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tolbert leit op in deksânrêch, dy't fan west nei east troch it Westerkertier rint en wêrop ûnder oaren ek Mearum en Midwolde lizze. Tolbert wurdt oan de east- en súdkant beheine troch it doarp de Like, oan de noardkant troch de A7 en oan de westkant troch de Tolberterfeart. It doarp hjitte earder Oldebert of 't Olle bert, "de âlde buert". Tichteby lizze de doarpen Niebert ("nije buert") en Lettelbert ("lytse buert").
De tsjerke fan Tolbert is om 1290 hinne boud. It koar is it âldste part, it skip en de toer binne út lettere tiid. Yn 1867 waard der in oargel pleatst, boud troch Petrus van Oeckelen. De hjoeddeiske ynrjochting fan de tsjerke datearret út de njoggentjinde iuw. It gebou is eigendom is fan de Stichting Oude Groninger Kerken en is yn de jierren 1984-1996 restaurearre.
Yn Tolbert is sûnt 1994 de Aldheidkeamer Fredewalda festige, dy't it kulturele erfguod fan it doarp bewarje wol. Yn it streekmuseum is op in makette fan hast 120 huzen Tolbert op skaal 1:200 neiboud sa't it om 1930 hinne wie.
-
Smidte út 1912 oan de Haadstrjitte 50 (gemeentlik monumint)
-
Eardere kafee-sliter, yn 1988 troch arsjitekt Roel Kouwen ferboud. Hy sette ek de markante gevels.
-
Tolberterfeart
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|