Springe nei ynhâld

The Borders of Infinity (novelle)

Ut Wikipedy
The Borders of Infinity
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre science fiction
1e publikaasje 1987, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
bondel Borders of Infinity
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel Labyrinth
● folgjend diel Brothers in Arms
kodearring
ISBN 0 67 16 98 419

The Borders of Infinity (net te betiizjen mei de bondel Borders of Infinity) is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Borders of Infinity waard foar it earst útjûn yn 1987 en is sûnt dy tiid oerset yn tolve talen.

The Borders of Infinity, wat oerset wurde kin as "De Grinzen fan it Uneinige", seach it ljocht yn 1986. Lois McMaster Bujold wie doedestiden dwaande om 'e roman Falling Free te skriuwen, wêrfan't hja de haadpersoan, Leo Graf, fierhinne basearre hie op har heit, de wittenskipper Robert Charles McMaster. Doe't har heit dat jiers lykwols kaam te ferstjerren, rûn se fêst yn Falling Free, en se wie dan ek bliid om troch Betsy Mitchell, haadredaktrise by útjouwerij Baen Books frege te wurden om in novelle te skriuwen foar in bondel dy't sy oan it gearstallen wie. Sa ûntstie doe The Borders of Infinity, dat yn 1987, yn 'e mande mei skriuwwurk fan oare auteurs, foar it earst útjûn waard as ûnderdiel fan 'e bondel Free Lancers.[1]

The Borders of Infinity is skreaun yn it personele perspektyf, en foarme yn 1989 ûnderdiel fan 'e bondel Borders of Infinity, yn 'e mande mei twa oare novelles fan Bujold, The Mountains of Mourning en Labyrinth, en mei in ferbinend ramtferhaal deromhinne. Yn 2002 waard The Borders of Infinity werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus Miles Errant, mei de romans Brothers in Arms en Mirror Dance.

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Yn The Borders of Infinity wurdt de haadrol wer spile troch Miles Vorkosigan, de lichaamlik beheinde soan fan 'e minister-presidint fan 'e planeet Barrayar, dy't foar de Barrayareeske geheime tsjinst ImpSec wurket ûnder de momkape fan admiraal Miles Naismith, de befelhawwer fan 'e Frije Dendarii Hierlingefloat. Diskear binne de Dendarii ynhierd om in wichtige Marilacaanske fersetslieder te befrijen.

Krekt sa't de Cêtagandiërs tachtich jier earder (om 'e nocht) besocht hawwe en feroverje Barrayar, sa besykje se no de planeet Marilac derûnder te krijen. Barrayar hat der belang by om 'e Cêtagandiërs op dat mêd in stôk yn it tsjil te stekken, mar it leafst op sa'n manear dat net te bewizen falt wa't derefter sit; dêrfandinne it ynsetten fan 'e Dendarii, wa har bân mei ImpSec sa geheim is dat njonken Miles mar trije fan 'e fiiftûzen hierlingen der wat fan ôfwitte. Op 'e ôfhandige planeet Dagoola IV hâlde de Cêtagandiërs al jierren goed 10.200 fan harren taaiste Marilacaanske tsjinstanners fêst, mei dêrûnder kolonel Guy Tremont, in man dy't ImpSec tige gaadlik achtet om op Marilac in nije, troch Barrayar finansiere fersetsbeweging op te setten. Miles moast dizze iene man út it kriichsfinzenekamp sjen te brekken.

Om yn it kamp troch te kringen en kontakt te meitsjen mei Tremont lit Miles himsels ûnder in Malilacaanske identiteit oppakke troch de Cêtagandiërs en op Dagoola IV ynternearje. It is him al fluch dúdlik dat de regels fan 'e Ynterstellêre Juridyske Kommisje oangeande de behanneling fan kriichsfinzenen der miskien wol neffens de letter, mar perfoarst net neffens de geast neilibbe wurde. Sa bestiet it kamp út in koepelfoarich krêftfjild fan 500 m trochsneed; dêrbinnen bestiet fierders gjin inkelde beskutting of ôfskerming. It iten bestiet út smaakleaze rantsoenrepen, dy't twaris deis yn ien grutte lading nei binne skood wurde. De bewekkers bemuoie har fierders op gjin inkele wize mei wat der yn it kamp bard, mei as resultaat dat dêr it rjocht fan 'e sterkste hearsket. Miles wurdt nei binnen ta stjoerd mei as iennichste besittings in broek, in baitsje, in plestikken drinkkop en in reiden sliepmatte, en fiif minuten letter is er dy allegear al kwytrekke oan in groepke útfaachsel, dat him ek noch even flink yninoar slein hat.

Mar Miles jout de moed net op en giet, sadree't it him slagget en kom wer oerein, op 'e siik nei kolonel Tremont. Hy is net de iennichste dy't yn it kamp neaken omstapt; it is dêr in swier bestean foar wa't net sterk is of freonen hat. Ien fan syn lotgenoaten, de sljochtsinnige preker Suegar, bringt him úteinlik by Tremont. Mar de kolonel hat de moed opjûn en leit op stjerren. Dat feroaret fansels alles en Miles moat in nij plan betinke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hy beslút dat as er ImpSec gjin legerlieder jaan kin, hy harren dan mar in leger jaan sil. Mei Suegar as gids beweecht er him troch it kamp. Earst oertsjûget er Oliver, Tremont syn serzjant, om him te fertrouwen en te helpen. Dêrnei moat er itselde dwaan mei de froulju dêre, dy't fierwei de grutste en meast dissiplinearre groep yn it kamp foarmje. Dat is in hiele toer, mar hy kriget de froulike befelhawwer Tris ek oan syn kant, en úteinlik ûntteit sels de hurde serzjant Beatrice, dêr't er wat fereale op rekket, foar him. Mei de froulju en Oliver syn mannen wit er de folgjende kear dat der iten komt, de hiele steapel te bemachtigjen, sadat er in earlike ferdieling oplizze kin. Op dy manear kriget er de lieding oer it hiele kamp yn 'e hannen.

Tsjin 'e tiid dat de krêftkoepel útflitst en de Dendarii-shuttles lânje middenmank bombardeminten fan 'e bewekkersbarakken, hat Miles de finzenen oanleard om harren foar de útdieling fan 'e rantsoenrepen yn fjirtjin kloften op te stellen, in systeem dat er no brûkt om harren yn 'e fjirtjin shuttles te laden. De Cêtagandiërs litte it der fansels net by sitte en besykje út alle macht de útbraak foar te kommen. Der binne ferliezen, mar úteinlik ûntsnappe tsientûzen kriichsfinzenen en kin de operaasje beskôge wurde as in grut súkses. Foar Miles sels, dy't pas ôfset yn 'e lêste shuttle, sil it lykwols altyd in bittere bysmaak hawwe mei't de lêste deade dy't der falt serzjant Beatrice is.

  • Italjaansk (I Confini dell'Infinito), fert. Annarita Garnieri, 1992;
  • Spaansk (Las Fronteras del Infinito), fert. Margara Auerbach, 1992;
  • Japansk (Mugen no Kyokai), fert. Ayako Ogiso, 1994;
  • Russysk (Granicy Bjeskonječnosť), fert. T. Čerjezova, 1995;
  • Dútsk (Grenzen der Unendlichkeit), fert. Michael Morgental, 1996;
  • Bulgaarsk (Granicite na Bezkraja), fert. Georgi Stojanov, 1998;
  • Frânsk (Les Frontières de l'Infini), fert. Bernadette Emerich, 1998;
  • Poalsk (Granice Nieskończoności), fert. Magdalena Gawlik, 1998;
  • Kroätysk (Granice Vječnosti), fert. Martina Gračanin, 2000;
  • Tsjechysk (Hranice Nekonečna), fert. Hana Volejníková, 2002;
  • Sineesk (?), fert. ?, 2005;
  • Estysk (Lõputuse Piirid), fert. Allan Eichenbaum, 2011.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Preface yn 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes, s. 5-6.
  2. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen