Tetsuo Kagawa
Appearance
Tetsuo Kagawa (Japansk 香川 哲男, Kagawa Tetsuo; 1969) is in Japanske amateurastronoom en ûntdekker fan asteroïden.
Hy wurket oan it Gekkō-observatoarium ("Moanneljocht-observatoarium") yn Kannami. Njonken syn selstannich wurk wijt er him ek oan it ferwurkjen fan de gegevens dy't yn it Nihondaira-observatoarium sammele binne. Dy arbeid hat ta de ûntdekking fan teminsten 115 asteroïden laat; 17 dêrfan fûn er yn 'e mande mei syn kollega Takeshi Urata.[1]
De asteroide (6665) Kagawa waard nei him ferneamd.
Foar in list fan Kawaga syn ûntdekkingen sjoch en:Tetsuo Kagawa#List of discovered minor planets
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lutz D. Schmadel: Dictionary of Minor Planet Names. 5e ed. Springer, Berlyn 2003, ISBN 3-540-00238-3
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |