De skiednis fan de provinsje Fryslân begjint mei it ynfieren fan in sintraal bestjoer yn de stêd Ljouwert. De provinsjale grinzen waarden yn de rin fan de 16e iuw fêstlein. Dêrfoar wie it grûngebiet fan de provinsje Fryslân ûnderdiel fan de Sân Fryske Seelannen.
De Provinsje Fryslân is in bestjoerlike ienheid binnen Nederlân. Histoarysk wie it gebiet ûnderdiel fan de sân seelannen. De haadstêd fan de provinsje Fryslân is Ljouwert. It lânoerflak fan de provinsje beslacht 3.341,70 km², dêr't 646.318 minsken wenje (stân 2009). Kultureel is de provinsje Fryslân ûnderdiel fan de regio Fryslân.