Springe nei ynhâld

Swarte Sjaal

Ut Wikipedy
Swarte Sjaal
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tasina Sapewin
oare namme Black Shawl
berne 18??
stoarn 1927
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
reden
  bekendheid
troud mei it opperhaad
    Mâl Hynder

Swarte Sjaal (Lakota: Tasina Sapewin, útspr.: [ta'sina sa'pewin]; Ingelske oersetting: Black Shawl; ? – 1927), wie in frou fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hja wie famylje fan it Brulee-opperhaad Bûnte Sturt, en troude yn 1871 mei it ferneamde opperhaad Mâl Hynder (Crazy Horse), nei't dy in jier earder yn 'e kaak sketten wie by in deilisskip om in oare frou, Swarte Bizonfrou, en Swarte Sjaal nei him ta stjoerd wie om syn wûne te fersoargjen.

Noch ear't se formeel troud wiene, brocht Swarte Sjaal yn 1870 in dochterke te wrâld, dat Se-Binne-Bang-fan-Har kaam te hjitten. Dat wie foar safier bekend Mâl Hynder syn iennichste bern, mar it famke stoar al yn 1873, wierskynlik oan goalera. Swarte Sjaal litte oan deselde sykte, mar by har bettere it oer ûnder behanneling fan dokter Valentine McGillycuddy, de legerdokter fan Fort Robinson, yn Nebraska. Swarte Sjaal oerlibbe har man, dy't yn 1877 yn Fort Robinson deade waard, en ferstoar úteinlik op hege jierren ûnder in grypepidemy, yn 1927.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.