Springe nei ynhâld

Stoarm

Ut Wikipedy
Stoarm op see.

In stoarm is in tige hurde wyn binnen in grutskalich waarsysteem, dat in depresje neamd wurdt. It gebiet binnen in depresje dêr't de wyn mei stoarmkrêft blaast, hjit it stoarmfjild. De wittenskiplike definysje fan it ferskynsel stoarm is in wyn mei wynkrêft 9 of mear op 'e skaal fan Beaufort, wat sizze wol dat de trochsneed faasje fan 'e wyn oer in tiidsspanne fan tsien minuten teminsten 75 km/h bedraacht. De wynkrêft is yn in stoarm nea konstant, mar nimt allegeduerigen ôf en wer ta. De heechste útsjitters fan wynkrêft neamt men wynfleagen of wynstjitten. Dy lizze by in stoarm oer it algemien inkele tsientallen km/h heger as it gemiddelde.

As de faasje fan 'e wyn oer tsien minuten yn trochsneed teminsten 90 km/h bedraacht, sprekt men fan in swiere stoarm (wynkrêft 10). By in trochsneed wynfaasje fan 103 km/h oer tsien minuten giet it om in tige swiere stoarm (wynkrêft 11). As der sprake is fan in trochsneed wynfaasje oer tsien minuten fan 117 km/h of mear neamt men it gjin stoarm mear, mar in orkaan (wynkrêft 12). Orkanen komme benammen faak yn 'e tropen foar, en ûntsteane dan út (en swakje letter wer ôf ta) tropyske stoarmen.

Yn Fryslân kinne stoarmen it hiele jier troch foarkomme, mar dogge se har meastentiids foar yn 'e hjerst en de maityd. Dêrfandinne de beneamings 'hjerststoarm' (of 'neijiersstoarm') en 'foarjiersstoarm'. Yn Noardwest-Jeropa waaie stoarmen oer it algemien út it westen, fan 'e Atlantyske Oseaan ôf. Men sprekt wol fan noardwesterstoarmen en súdwesterstoarmen, ôfhinklik fan 'e persize wynrjochting. Noardwesterstoarmen binne ekstra gefaarlik foar Fryslân en de rest fan 'e súdlike Noardseekusten yn Nederlân, Dútslân, Flaanderen en Ingelân, om't dêrby it wetter fan 'e Noardsee troch de stoarmwyn opdreaun wurdt ta in saneamde stoarmfloed. Yn kombinaasje mei springtij hawwe noardwesterstoarmen yn Nederlân ferantwurdlik west foar ferskate slimme dykbrekken en wettersneden, lykas de Sint-Elizabethsfloed fan 1421, de Stoarmfloed fan 1682, de Krystfloed fan 1717 en de Wettersneed fan 1953.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.