Stiente
Stiente of stien is it fêste, hurde, konsistinte materiaal dêr't op in protte plakken de grûn út bestiet. In stiente is opboud út fragminten dy't klasten neamd wurde, of oars út mineralen.
De ierdkoarst bestiet út withoefolle soarten stienten. Dy bepale foar in wichtich part hokker eigenskippen oft it ierdoerflak hat: it reliëf en it lânskip, de draachkrêft fan 'e ûndergrûn, de boaiemfoarming en de wetterhúshâlding. Stiente kin yn trije haadkloften ferdield wurde nei de wize dêr't it op foarme wurdt: stjurringsstiente ûntstiet troch it stjurjen fan raande stien (magma); sedimintêr stiente troch it besinken of delslaan fan sedimint; en metamorf stiente troch it groeien fan nije mineralen yn besteande soarten stien. Troch ferwaring en eroasje kin stiente ôfbrutsen wurde, mar it materiaal dat op dy manear op ien plak ferlern giet, kin op in oar plak bedarje en dêr in nije stiente foarmje.
Ut stienten wurde mineralen, ertsen of eleminten (koartom: dylchstoffen) fan ekonomysk belang wûn. Stiente sels kin ek in weardefolle helpboarne wêze, bygelyks as it tapast wurdt as natoerstien, lykas granyt of moarmer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|