Stichting Joods Maatschappelijk Werk
De Stichting Joods Maatschappelijk Werk (JMW) koördinearret de sosjale soarch foar de Joadske Mienskip yn Nederlân. Dy sosjale soarch bestiet út maatskiplike help en sosjaal-kulturele aktiviteiten.
De Stichting Joods Maatschappelijk Werk waard oprjochte yn 1946. Yn it begjin wie de JMW benammen dwaande mei de soarch foar Joadske ferfolgingsslachtoffers; fan de tachtiger jierren ôf fan de 20e iuw hat JMW syn omtinken ferbrede nei de nei-oarlochske generaasjes. Ien fan de wichtichste aktiviteiten fan JMW is noch hieltyd it maatskiplik wurk. Dit ûnderdiel fan JMW helpt minsken mei in Joadske eftergrûn mei problemen op it mêd fan finânsjes, húsfêsting, wurk, en opname yn in fersoargings- of ferpleechhûs. Ek mei fragen oer oarlochsproblematyk en de Joadske identiteit kinne minsken telâne by it JMW. De thússoarch is yn 2018 oerdroegen oan Cordaan, dy 't no de spesifike thússoarch foar de Joadske doelgroep fersoarget. Fierder organisearret JMW groepsaktiviteiten en kursussen. Foar de jongerein hat JMW in aparte tûke oprjochte ûnder de namme Freyda en foar Israëliërs wurde der aktiviteiten ûntploaid ûnder de namme Catom (foarhinne Tsavta). JMW hat in moetingssintrum foar Joadske 60 ers yn Amsterdam mei de namme Lev en jout fjouwer kear yn it jier in blêd út, de Benjamin.
JMW is in lanlike organisaasje mei in haadkantoar yn Amsterdam. JMW hat in direkteur-bestjoerder, in ried fan tafersjoch, in Kliïnt - en Dielnimmersried en in Mienskipsried. Yn dy Mienskipsried is in breed skala oan organisaasjes fertsjintwurdige lykas de trije Joadske tsjerkegenoatskippen yn Nederlân, organisaasjes foar oarlochstroffenen, âlderein, jeugd en sosjaal-kulturele organisaasjes.