Stasjon Hengelo
Stasjon Hengelo station Hengelo | ||
Stasjon Hengelo yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Hengelo | |
plak | Hengelo | |
adres | Stationsplein 3 51 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hgl | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 18 oktober 1865 | |
boujier | 1866 1e stasjonsgebou 1899 2e stasjonsgebou 1951 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1898 1e stasjonsgebou 1944 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1866 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1899 G.W. van Heukelom 2e stasjonsgebou 2021 H.G.J. Schelling 3e stasjonsgebou | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0164/WN102 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline D Almelo - Salzbergen | |
6.951 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Hengelo (Hgl) is in spoarweistasjon yn Hengelo en waard iepene yn 1865 oan it spoar fan spoar fan Almelo nei Salzbergen. In jier letter waard Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) iepene. Yn 1951 waard dêr it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hengelo hat ynearsten in needgebou hân as stasjonsgebou. Dat duorre in jier foar 't yn 1966 it earste stasjonsgebou ree kaam. It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it Type Hengelo. Hengelo groeide rap oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en ek de bedriuwichheid naam ta. Om't de spoarbomen hiel faak ticht wiene, waard der in fuotgongersbrêge oer it spoar boud, mar foar it ridende ferkear wie dat gjin oplossing. Yn 1899 waard úteinlik de machtiging troch Den Haag jûn om in nij stasjon te bouwen. It earste stasjonsgebou wie doe al ferfongen troch in needgebou.
It nije stasjonsgebou wie in ûntwerp fan arsjitekt G.W. van Heukelom De kosten foar it gebou en de opheging fan it emplasemint en alle keunstwurken lykas tunnels waarden doe op f 2.300.000 rûsd. It waard in asymmetrysk stasjonsgebou. Mei in poarteftige yngong. Beide sydgevels wiene hiene in tuorke, mar dy tuorkes wiene net like grut.
It stasjonsgebou út 1899 rekke yn 1944 as gefolch fan de Twadde Wrâldkriich slim skansearre. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Hengelo, benammen fanwegen de strategyske yndustry dy't dêr fêstige wie, geregeld bombardearre. Dêrby waard it sintrum fan de stêd op 6 en 7 oktober 1944 sa goed as alhiel ferneatige. De boppeferdjipping wie foar in grut part fernield en werbou soe in soad jild koste hawwe. De Nederlandse Spoorwegen namen it beslút om it gebou te slopen en troch in nij gebou te ferfangen. Yn 1951 kaam it nije stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Schelling ree. Yn de tuskentiid waarden de funksjes fan it stasjonsgebou útfierd yn de perrongebouwen. It nije stasjonsgebou is lyk as de stasjongsgebouwen fan Sutfen en Ynskedee útfierd yn beton.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|