Slot Celle
Slot Celle | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Nedersaksen | |
lânkring | Celle | |
plak | Celle | |
adres | Schlossplatz | |
koördinaten | 52° 37' N 10° 4' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | paleis (oarspr. kastiel)</small. | |
boujier | 10e iuw | |
sloopjier | 1520-1560 (skaaimerken kastiel)</small. | |
boustyl | renêssansisme(nei ferbouwing) | |
monumintale status | Boudenkmal | |
offisjele webside | ||
Side Slot Celle | ||
kaart | ||
It Slot Celle (Dútsk: Schloss Celle) is in paleis yn de Dútske stêd Celle yn Nedersaksen. It slot wie ien fan de residinsjes fan de Welven en besit in tige ryk fersierde slotkapel en in barok tëater.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie it in wartoer (Wehrturm) mei dêrom hinne in grêft, dy 't in furde troch de Aller beweitsje moast. Dy earste fortifikaasje mei de namme Kellu waard om it jier 980 hinne boud troch in brunoanske greve. In oare foargonger fan it slot waard yn 1292 troch Otto II fan Lüneburg boud. Fan de âlde wartoer besteane oant de dei fan hjoed noch it kelderferwulft en de legere ferdjippings. Om 1315 hinne waard it Castrum Celle foar it earst neamd. Fanwegen in striid oer de opfolging ferhuzen de hartoggen fan Braunschweig-Lüneburg harren residinsje fan Lüneburg nei Celle en foar dat doel lieten hja de boarch yn in slot ferbouwe.
Likernôch in iuw letter fergrutte Freark de Fromme fan 1471-1478 it kastiel en de nije kapel waard yn 1485 ynwijd. It kastiel krige sûnt 1530 yn opdracht fan Ernst I de Belider in nij oansjen yn renêssânsestyl. Yn deselde tiid waarden tusken 1520 en 1560 de bastions en wâlen om it kastiel fierder ûntmantele en sa waard it bouwurk stadichoan in paleis. It slot wie yn dy tiid in foar dy tiid typyske, fjouwerfleugelich kompleks mei foarse hoektuorren, in grutte haadtoer en skaaimerken fan de Wezerrenêssânse.
George Willem fan Braunschweig-Lüneburg liet it slot nei 1670 neffens de doedestiidske moade op 'e nij ferbouwe. Hy wie fan doel it slot út te wreidzjen yn in styl dy't him oan syn tiid yn Itaalje tinken die. De gevels, dy't op Feneesjaanske foarbylden ynspirearre binne, krigen doe harren hjoeddeiske oansjen. Opfallend binne de krâns fan harkenielen dy't om de dakken rint en ek de ûngewoane koepels fan de tuorren. Ek it ynrjochtsjen fan in tëater en de barokke steatssealen datearje út dy tiid.
Mei de dea fan George Willem yn 1705 einige it absolutistyske karakter fan de hartoggen. It foarstendom Lüneburg foel troch erfenis, tegearre mei it foarstendom Calenberg, ta oan it lettere keninkryk Hannover. It slot ferlear syn politike betsjutting en stie dêrnei lange jierren leech. Sûnt 1772 bewenne de eardere Deenske keninginne Karoline Mathilde it slot, dy't fanwegen har ferhâlding mei har Dútske arts Johann Friedrich Struensee nei har skieding fan kening Kristiaan VII út Kopenhagen nei Celle ferballe wie. Hja hie yn Celle in beskieden hof en ferstoar dêr yn 1775 yn 'e âldens fan 23 jier.
Yn de 19e iuw brûkte it keningshûs Hannover it slot út en troch as simmerslot. Foar dat doel feroare de arsjitekt Georg Ludwig Friedrich Laves it ynterieur yn de jierren 1839-1840 hjir en dêr.
Slotkapel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noch foar de reformaasje waard yn it ramt fan de útbou fan it slot as de residinsje fan de hartoggen fan Braunschweig-Lüneburg de goatyske kapel yn it slot boud. Yn 1485 waard de kapel ynwijd. Under hartoch Ernst I (de Belider) waard yn 1525 de reformaasje yn Celle ynfierd. De rest fan it foarstendom folge yn 1527. Syn soan, Willem de Jongere, liet de eardere katolike slotkapel yn de jierren 1565-1576 hielendal ferbouwe ta in protestantske kapel. Foar de adelstân waarden lôzjes ynboud, de tsjerke krige in nij alter, in preekstoel en in nij oargel. Ut dy tiid datearje ek de 78 skilderijen, werfan't de belangrykste troch de Flaamske skilder Marten de Vos en syn feinten levere waarden. Fierder is de tsjerke fersierd mei 50 reliëfs fan sânstien, mear as 120 panelen mei bibelteksten en in soad houtsnijwurk. Sûnt is de kapel net in soad mear feroare. De slotkapel is yn keunsthistoarysk opsicht ien fan de hichtepunten fan de Noarddútske tsjerkebou en ien fan de belangrykste lutherske hoftsjerken fan Europa.
It seis registers tellende oargel fan de tsjerke is in ynstrumint út 1865 fan de oargelbouwer Heinrich Vieth (Celle). De oargelkas stamt fan it earste oargel, dat nei alle gedachten boud waard troch in Nederlânske oargelbouwer. De oargelkas is ien fan de âldsten yn Noard-Dútslân.[1]
Slottëater
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It slottëater is it besjen tige wurdich en ien fan de âldste noch besteande tëaters fan syn soarte. Oant de dei fan hjoed hat it tëater in eigen toanielselskip. It tëater ûntstie op inisjatyf fan hartoch George Willem, dy't noch foar syn regear in skoft taholden hie yn Feneesje en dêr de Italjaanske opera kennen learde. De bou sette yn 1670 útein en wie yn 1675 foar it measte foltôge. De hartoch hie selsskippen út Frankryk en Itaalje yn tsjinst, mar ek út it oanbuorjende Hannover. Nei de dea fan de hartoch waard it tëater net mear brûkt, oant Karoline Mathilde mei hofhâlding har yn it slot nei wenjen sette en it tal sitplakken yn de seal útwreidzje liet.
It slot hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it slot binne ferskillende sealen, keamers en romtes út de ferskillende boufazes bewarre bleaun. Under George Willem de waarden barokke sealen ynrjochte, dy't ek bewarre bleaun binne. Yn de goatyke hal wurde hjoed-de-dei wikseljende útstallings organisearre en yn de eastlike fleugel is sûnt 2007 it yn 2007 iepene Residenzmuseum ûnderbrocht oer de skiednis fan de Welven en it keninkryk Hannover.
In besite bringe oan de histoaryske fan 1978 oant 1981 restaurearre slotromtes en de kapel is mei in rûnlieding mooglik. Op de tredde ferjipping kin yn in romte fan de súdeastlike toer in bysûndere útstalling "Schlosskapelle 3D" besocht wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Celler schloss Literatur, op dizze side.
|