Springe nei ynhâld

Slach by Tunis

Ut Wikipedy
Krúsfarder

De Slach by Tunis wie in Fryske slach om utens ûnder de Achtste krústocht, dêr't it meastepart Friezen oan meidien hawwe. Underweis nei it Hillige Lân rekken sy yn gefjocht mei de Moaren en hellen op 30 augustus 1270 de oerwinning yn it gefjocht dat plak fûn by Tunis.

Yn 1269 organisearre kening Loadewyk IX fan Frankryk in krústocht en frege ek de Friezen hjir oan mei te dwaan. De belangstelling wie tige grut en om-ende-by fyftich koggen fearen út. It eindoel wie Akko en ûnderweis makken sy in tuskenstop by Tunis, dêr't de Frânske kening oan in sykte beswiek. De dêr libbende Moarske befolking, dy't Moslims wienen, hienen it net sa op de kristlike Friezen en dienen slim fijanlik.

De Friezen dy't it tige ynbaarnde, woene fuortendaliks de striid oangean mei de yn harren eagen heidenske Moaren. De greve fan Lúksemburch dy't kening Loadewyk as oanfierder opfolge hie koe de Friezen mar amper yn betwang hâlde oant er syn hiele kriichsmacht opsteld hie. Yn in grutte stoarmrin foelen sy úteinlik de fijân oan op de flakte tusken Tunis en harren legerplak. Yn de slach foelen in protte Moaren en waarden sy op de flecht jage. De measten kamen yn de oanbuorjende see telâne en ferdronken.

Op dizze wize hawwe de Friezen in romrofte oerwinning helle. Sy kearden werom nei harren skippen en fearen nei it Hillige Lân. De aartsbiskop fan Tyrus ûntfong harren mei in protte ear.

Literatuerferwizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • S.J. van der Molen, Oorsprong en geschiedenis van de Friezen, Amsterdam-1981, siden 117-127.