Simmern (Hunsrück)
Simmern (Hunsrück) | |
---|---|
Simmern | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Rynlân-Palts |
Sifers | |
Ynwennertal | 7.899 (31.12.2019) |
Oerflak | 11,96 km² |
Befolkingstichtens | 660 / km² |
Hichte | 400 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC 1 |
Simmertiid | UTC 2 |
Webside | www.simmern.de |
De stêd Simmern op de Hunsrück yn Dútslân is de Kreisstadt fan it Rhein-Hunsrück-Kreis en ien fan de twa bestjoerssintra fan de Verbandsgemeinde Simmern-Rheinböllen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mooglik hat Simmern in keltyske oarsprong. Wis is dat de lokaasje al yn de Romeinske tiid bewenne wie. Simmern krige yn 1330 stedsrjochten. Yn 1410 keas it Hûs Pfalz-Simmern de stêd as residinsje.
Nei de reformaasje waard de stêd kalvinistysk. De yn Simmern berne Freark III fierde as karfoarst fan de Palts de Heidelberchske Kategismus yn. Yn 1685 foel it hartochdom Simmern ta oan it hûs Pfalz-Neuburg, dy't de katolike lear wer ynfierde.
Yn 1688 briek de Paltske Súksesjekriich út, wernei't grutte dielen fan de Palts troch Frânske troepen yn 'e jiske lein waard. De Frânsen besetten yn dat jier Simmern en setten yn 1689 útein mei de ôfbraak fan de ferdigeningswurken. Op 17 septimber 1689 stieken de Frânske troepen de stêd en it kastiel yn 'e brân. Allinne de Stefanustsjerke, de krûdtoer (letter de Schinderhannesturm), dielen fan de stedsmuorre, in hoektoer en in pear hûzen binne bewarre bleaun. In gravuere fan Mathias Merian út 1645 jout in yndruk hoe't de stêd der foar de ferneatging útsjoen hat.
Yn 1799 hat fan febrewaris 1799 oant yn augustus fan dat jier de ferneamde bandyt Johannes Bückler yn de krûdtoer fan Simmern finzen sitten. De rôver dy't de bynamme Schinderhannes krige wist lykwols út te piken, mar waard lang om let nei noch in hiele rige misdieden op 31 maaie 1802 arrestearre en yn novimber 1803 yn Mainz eksekútearre.
Yn 1845 hiene de omkriten fan de stêd slim te lijen fan mislearre rispings en wiene in soad ynwenners fan de stêd twongen om nei de Feriene Steaten te ferhûzjen.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1815 | 1835 | 1871 | 19-5 | 1939 | 1950 | 1961 | 1970 | 1987 | 1997 | 2005 | 2011 | 2019 |
Ynwenners | 1.907 | 2.697 | 2.351 | 2.414 | 3.712 | 4.322 | 5.248 | 5.507 | 6.145 | 7.690 | 7.846 | 7.613 | 7.899 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Stephanskirche út 1486 oant 1510 is in letgoatyske protestantske tsjerke;
- De katolike Pfarrkirche St. Josef is in barokke tsjerke út de jierren 1749–1752;
- It Nije Slot (Neue Schloss) waard fan 1708 oant 1713 op it plak fan it troch de Frânsen ferneatige kastiel boud.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Hunsrück-Museum Simmern is ûnderbrocht yn it Nije Slot en hat in grutte kolleksje wurken fan de skilder Friedrich Karl Ströher.[1]
- De Schinderhannestoer oan de Turmgasse 8 is de eardere krûdtoer dêr't Johannes Bückler finzen siet. De toer tsjinnet tsjintwurdich as útstallingsromte fan saken oer en fan de rôver.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|