Sigga
Sigga | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sigríður Beinteinsdóttir | |
nasjonaliteit | Iislânsk | |
berne | 24 july 1962 | |
berteplak | Reykjavik (Iislân) | |
etnisiteit | Iislânsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | popmuzyk | |
sjongtaal | Iislânsk | |
jierren aktyf | 1980er jierren – no | |
offisjele webside | ||
www.siggabeinteins.is |
Sigga (wiere namme: Sigríður Beinteinsdóttir; Reykjavik, 24 july 1962) is in Iislânsk sjongster.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sigga waard yn 1962 yn 'e Iislânske haadstêd Reykjavik berne as Sigríður Beinteinsdóttir. Fan 'e 1980-er jierren ôf wie hja aktyf as sjongster, en yn 'e 1990-er jierren naam se fjouwer kear diel oan 'e Iislânske ynstjoering foar it Eurofyzjesjongfestival.
Op it songfestival fan 1990 makke Sigga ûnderdiel út fan 'e band Stjórnin, dy't mei it nûmer Eitt Lag Enn op it fjirde plak (fan 22) einige mei in totaal fan 124 punten. Dat wie it bêste resultaat foar in Iislânske ynstjoering oant Selma Björnsdóttir yn 1999 twadde waard. In jier letter wie Sigga wer op it songfestival, as eftergrûnsjongster foar Stefán en Eyfi, dy't mei Draumur um Nínu it fyftjinde plak (fan 22) behellen mei 26 punten.
As lid fan 'e band Heart 2 Heart naam Sigga in yn 1992 jitris diel oan it songfestival. Dat jiers berikte de Iislânske ynstjoering mei in totaal fan 80 punten it sânde plak (fan 23) mei it liet Nei eða Já. Yn 1994, ta einbeslút, die Sigga foar de fjirde kear mei oan it Eurofyzjesongfestival, diskear as solo-artyst mei it liet Nætur. Dêrmei einige se op it tolfde plak (fan 25) mei in totaal fan 49 punten, wêrûnder twa kear de maksimale skoare fan tolve punten, dy't se ûntfong fan it Feriene Keninkryk en fan Portegal.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ys) Offisjele webside fan Sigga
- (ys) Sigga op Facebook
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |