Springe nei ynhâld

Seekateftigen (fisken)

Ut Wikipedy
Seekateftigen (fisken)
De bûnte draakfisk (Hydrolagus colliei).
De bûnte draakfisk (Hydrolagus colliei).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken (Chondrichthyes)
ûnderklasse: seekateftigen (Holocephali)
Bonaparte, 1831

De seekateftigen (wittenskiplike namme: Holocephali) foarmje in ûnderklasse fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes). Dit is in taksonomyske groep fan fisken, mei as iennichste libbene subgroep de seekatten (Holocephalimorpha), net te betiizjen mei in groep fan inketfisken mei deselde namme. Seekateftigen binne binnen de klasse fan 'e kreakbienfisken de sustergroep fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii).

De seekateftigen hawwe beskate skaaimerken fan 'e iere kreakbienfisken út it Paleosoïkum beholden, dy't by de haaien en roggen ferlern gien binne. Yn oare opsichten foarmje se lykwol in kurieuze nuveraardichheid. Se libje deun by de seeboaiem en frette weakdieren en oare wringeleazen. Har sturt is lang en tin en se swimme troch dêr swaaiende bewegings mei te meitsjen. By guon soarten is de rjochtoppige stikel, dy't foar de rêchfin sit, giftich. Seekateftigen hawwe gjin mage, en de funksjes fan 'e mage wurde by har ferfolle troch de terms. Har bek is lyts en wurdt omjûn troch lippen.

De âldste fossilen dy't fan seekateftigen fûn binne, datearje út it Devoan. Sokke fossilen binne net rare seldsum, mar besteane foar it meastepart út net folle mear as it gebit omdat it út kreakbien opboude skelet mar selden de tosk fan 'e tiid trochstien hat. Sadwaande moat men yn 'e regel mar wat riede moat nei de lichemsfoarm. Njonken it boppeskift fan 'e seekatten (Holocephalimorpha), dat it noch libbene skift fan 'e draakfisken (Chimaeriformes) en seis fossile skiften omfiemet, wurde ornaris ek de útstoarne skiften fan 'e Debeeriiformes, Eugeneodontiformes, Helodontiformes, Iniopterygiformes, Orodontiformes en Petalodontiformes ta de seekateftigen rekkene, en dêrta yn in twadde boppeskift pleatst, dat fan 'e Paraselachimorpha. Mei't der lykwols oer gjinien soarte fan 'e Paraselachimorpha in protte bekend is, fermoedzje de measte saakkundigen dat dit boppeskift in koepelterm is dy't yn 'e takomst fan gjinderlei taksonomyske wearde blike sil te wêzen.

In gruteachdraakfisk (Hydrolagus mirabilis).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.