Springe nei ynhâld

Samar

Ut Wikipedy
'Smots mei Bonken',
spile fan 1977 oant 1980
'Skytmerakels'
spile fan 1987 oant 1991
'De Boargerwacht'
út: Sa Sawat

Samar wie in Fryske kabaretgroep fan 1965 oant 1995.

De groep waard 1965 oprjochte troch Jan Hettinga út Aldehaske. It slotoptreden fan de kabaretgroep wie yn novimber 1994 yn it Posthûs op It Hearrenfean. Dêrnei binne der mei in mear muzikale besetting twa cd’s makke fan meast lieten út de kabaretprogrammas. Ek dy groep hat oant 2002 ta wol optreden. Der hawwe njoggen kabaretprogrammas west mei meiinoar mear as 800 optredens rûnom yn Fryslân en bûtenút by Fryske kriten.
De kabaretgroep stoppe yn 1995 en fûn doe tiid om opnames te meitsjen. Doe ûntstie der ek in nij sjong- en muzykselskip. De nije cd-ploech treedt sa no en dan op, ûnder de titel 'Fan kabaret nei konsert'.

Nei syn stúdzje oan de HBCS (Hogere Bosbouw en Cultuurtechnische School) yn Arnhim, hat Jan Hettinga syn pleatske yn Aldehaske omboud ta in lyts teäter, it “Fladdeteater”. Dêr waard optreden foar besletten groepen, mar ek in tal jierren wie der alle earste sneonen fan de moanne in iepen optreden foar op syn meast 80 minsken. Dat wie hast altiten fan te foaren útferkocht. Doe’t dat te lyts en omslachtich waard foar amateurs, bleau it in rippetysjeromte.

Yn de rin fan de jierren hawwe der ferskate minsken meidien, mar Durk Nota fan Turns en broer Titus fan Boalsert hawwe alle programmas meidien. Pianist Tjitte Feenstra fan Sint Nyk hat fan de muzikanten it langst meidien. De cd-ploech bestie yn 1997 út Pytrick Bruinsma (sjongen), Gezina Dijkstra (sjongen), Froukje de Jong (sjongen), Durk Nota (sjongen), Wim Beckers (gitaar, banjo en sjongen), Tjitte Feenstra (piano), Peter Taconis (basgitaar en sjongen) en Henk Waterlander (drums, perkusje en sjongen). Op de earste cd dienen ek Marjon Waterlander (dwersfluit) en Gerard Dijkstra (es-bas) mei.

  • 1966-1970: Slach yn de Romte
  • 1970-1972: Sille wy?
  • 1973-1976: Stikken en Brokken
  • 1977-1980: Smots mei Bonken
  • 1978 : Boeresmots (oanpast cbtb-jubileumprogram)
  • 1980-1984: (Sa)beare goed
  • 1985-1986: De Weromstuit
  • 1987-1991: Skytmerakels
  • 1992-1994: Sa Sawat
  • 1998-2002: Fan kabaret nei konsert (cd-ploech)
  • Fan 'e Lemmer oant Lauwersmar, (Stichting Samar CD-1, 1997)
  • Rûntsje nei rûntsje (Stichting Samar CD-2, 2000)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: