Springe nei ynhâld

Saidnaya

Ut Wikipedy
Saidnaya
صيدنايا / ܣܝܕܢܝܐ
Bestjoer
Lân Syrje
Gûvernemint Rif Dimashq
Sifers
Ynwennertal 25.194 (sinsus 2004)
Hichte 1.500 m.
Oar
Stifting net bekend
Tiidsône EET (UTC 2)
Simmertiid EEST (UTC 3)

Saidnaya (Arabysk: صيدنايا, Arameesk: ܣܝܕܢܝܐ) is in plak yn it Syryske gûvernemint Rif Dimaschq. It plak leit likernôch 30 kilometer noardlik fan Damaskus yn it Qalamun-geberchte op sa'n 1.500 meter hichte.

De stêd wurdt al sûnt de 6e iuw bewenne doe't it bekend stie ûnder de Arameeske namme Danaba.

Al foar't de Romeinske Ryk it kristendom as de offisjele religy oannaam wie de stêd in wichtich kristlik sintrum en ek hjoed-de-dei is de stêd noch altiten in sintrum fan kristlike beafeart.

Saydnaya besiet yn de rin fan de tiid in grutte godstsjintfrijheid, wat net yn it lêste plak te tankjen is oan de troch bergen omsletten lokaasje. Yn de stêd waarden in soad katolike, eastersk-otterdokske, syrysk-otterdokske en syrysk-katolike tsjerken en kleasters boud. Ek tsjintwurdich hat de stêd noch in grut tal kleasters fan ferskillende denominaasjes.