Springe nei ynhâld

Ruurd Wiersma

Ut Wikipedy
Ruurd Wiersma
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ruurd Wiersma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 febrewaris 1904
berteplak Rinsumageast
stoarn 15 desimber 1980
stjerplak Burdaard
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
streaming naïve skilderkeunst
jierren aktyf 1965-1980
Simmerwand Ruurd Wiersmahûs
It hûs fan Ruurd Wiersma

Ruurd Wiersma (Rinsumageast, 20 febrewaris 1904 - Burdaard, 15 desimber 1980) wie in molkfarder út Burdaard dy't bekend waard troch syn skilderjen.

Ruurd is berne op 20 febrewaris 1904 yn Rinsumageast as jongste soan fan in boerefeint. Hy wie molkfarder foar it molkfabryk fan Gytsjerk. Yn 1965 begûn hy te skilderjen; yn fiif jier tiid makke er fan syn wenkeamer ien panorama, wêrby't wannen, plafond, mar ek de meubels allegear beskildere binne. Mei fytslak hat de fanatike skilder troch syn hiele hûs skilderings oanbrocht. It wurk fan Ruurd Wiersma wurdt rekkene ta de naïve skilderkeunst. In protte fan syn wurk is ynspirearre troch de natoer; ek makke hy in soad skilderijen mei bibelske foarstellings.

Yn 1975 wie der in grutte eksposysje fan syn wurk yn it Westfrysk Museum in Hoarn en yn desimber 2010 wienen syn bibelske tafrelen ûnder de titel De vrolijke bijbel van Ruurd Wiersma yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert te sjen.

Yn 1978 waard Ruurd Wiersma lânlike bekend troch de dokumintêre Alle dagen Zondag ('Alle dagen snein'), dy't filmmakker Marijke Jongbloed foar de IKON makke.

Ruurd Wiersma Hûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn dea op 15 desimber 1980 waard besletten syn hús sa te litten sa as Wiersma dat efterlitten hie. It hús is ynrjochte as museum fan Ruurd Wiersma syn wurk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]