Roelof Kuipers
Roelof Kuipers (De Gordyk, 28 augustus 1855 – De Haach, 28 desimber 1922) wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf. Hy stie bekend om syn wetterliedingspesjaliteit. Dêrneist wie hy inkele jierren (oant 1902) gemeenteriedslid fan Amsterdam.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kuipers krige de earste boukundige begjinsels fan hûs út mei. Syn heit wie timmerman-oannimmer en in dy funksje belutsen by de bou fan tsjerken, iepenbiere gebouwen, restauraasjes en wettersteatswurken yn Fryslân. Om 1880 hinne wurke syn heit yn de omkriten fan Amsterdam, de stêd dêr't hy letter yn de gemeenterie komme soe. Twa jongere bruorren fan Kuipers, Tjeerd Kuipers en Foeke Kuipers, wienen ek arsjitekt. Roelof Kuipers leit begroeven op Oud Eik en Duinen. Kuipers wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Inkele wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1892-1892 Scheveningen: Pniëltsjerke (tsjintwurdich Grifformearde Gemeente Scheveningen), Nieuwe Laantjes 120
- 1892-1892 Amsterdam: Riedhûs Nieuwer-Amstel, Amsteldijk
- 1900-1900 Amsterdam: Honthorststrjitte 2-14, Jan Luijkenstrjitte 11, Paulus Potterstrjitte 10
- 1901-1902 Renkum: earder sanatoarium Oranje Nassau’s Oord, no ferpleechhûs
- 1910-1910 De Haach: Van Lennepwei 46-48
- 1911-1911 Nieuwegein: Wettertoer, Jaachpaad
- 1911-1911 Iselstein: Wettertoer
- 1912-1912 Barendrecht: Wettertoer
- 1915-1915 It Hearrenfean: Wettertoer