Rocksteady
Appearance
Rocksteady is de namme fan in muzykstreaming op Jamaika dy't ûntstien is tusken 1966 en 1968. Rocksteady is ûntstien út de betide ska muzyk en is de direkte foarrinner fan reggy.
Rocksteady mist it driuwende ritme fan de ska. Sa kaam der romte foar mear harmonieuze fokale muzyk. Op Jamaika ûntstiene yn dy tiid groepen as The Gaylads, Toots & the Maytals en The Paragons. De muzykstyl ûntwikkele him ta reggy, mei kompleksere baspartijen, mear prominent slachwurk en de blaasseksjes ferfongen troch de elektryske gitaar.
De term Rocksteady is ûntliend oan in album fan Alton Ellis mei deselfde namme.