Springe nei ynhâld

Riem de Wolff

Ut Wikipedy
Riem de Wolff
sjonger en/of muzikant
Riem de Wolff (2013)
Riem de Wolff (2013)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 15 april 1943
berteplak Depok
stoarn 12 septimber 2017 (74 jier)
stjerplak Blarikum
etnisiteit Javaansk
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk
ynstrumint stim, gitaar
grutste hit(s) Ramona
offisjele webside
http://www.bluediamonds.nl

Riem de Wolff (Depok (Java), 15 april 1943Blarikum, 12 septimber 2017) wie in Yndysk-Nederlânsk artyst.

Riem de Wolff kaam yn 1949 tegearre mei syn broer Ruud nei Nederlân. Sy setten harren nei wenjen yn Driebergen-Rijsenburg. Tegearre foarmen sy it duo The Blue Diamonds, mei Riem as sjonger en gitarist. Mei syn broer Ruud de Wolff wûn er in Edison-award foar harren nûmer Ramona.

Oant de dea fan Ruud de Wolff yn desimber 2000 bleaune The Blue Diamonds platen meitsjen en optreden. Dêrnei trede Riem solo op. Yn 2008 spile er mei yn de Nederlânske film Ver van Familie mei ûnder oaren Anneke Grönloh.

De Wolff rekke wei yn de nacht fan 12 septimber 2017 yn de âldens fan 74 jier.[1]

Op 29 april 2005 waard De Wolff beneamd ta Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Blue Diamonds-zanger Riem de Wolff overleden