Springe nei ynhâld

Krúsribferwulft

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ribferwulft)
Krúsribferwulft yn de katedraal fan Straasburch

It krúsribferwulft is in type ferwulft, dat ûntstie út it krúsferwulft troch oan de twa inoar heaks krusende tonferwulften fan likense ôfmjittings en hichte ribben ta te foegjen. De ribben ferbetterje de konstruksje om't se mear gewicht drage kinne. It krúsribferwulft makke de bou fan gruttere goatyske katedralen mooglik en is dan ek fral yn 'e gotyk tapast. Op it plak wêr de ribben inoar kruse wurdt in slútstien oanbrocht.

It krúsribferwulft waard tsjin de ein fan de romaanske tiid (earste helte 12e iuw) foar it earst brûkt. Om't de muorren minder lêst fan druk ha, binne gruttere finstsers mooglik en dat makke de opgong fan 'e gotyk mooglik. Mei it krúsribferwulft krige it ynterieur fan in goatyske katedraal of grutte tsjerke de foar dy tiid typyske opbou mei boppe de ljochtbeuk, dan it trifoarium en dêrnei de arkades.

By it krúsferwulft binne de ferwulftkappen de dragende eleminten, mar by de krúsribferwulften binne de ribben de dragende eleminten. Om't de ribben de draachkrêft oernimme kinne de tuskenlizzende ferwulftkappen fan folle lichter materiaal mitsele wurde. De ribben bringe de lêst net op de muorredielen, mar op pylders of pilasters oer.

By it krúsribferwulft wurde de diagonaalribben en de gurdlebôgen mei help fan in formiel, in helpkonstruksje, it alderearst boud. Op it plak dêr't de ribben inoar yn 'e mjitte komme, it heechste diel fan it krúsribferwulft, wurdt in slútstien set. Dêrnei wurdt de romte tusken de ribben opfolle mei mitselwurk.

De katedraal fan Beauvais mei in seisdielich krúsribferwulft

Der binne yn haadsaak twa soarten krúsribferwulften: it fjouwerdielige krúsribferwulft en it seisdielige krúsribferwulft.

  • It fjouwerdielige krúsribferwulft bestiet út twa gurdlebôgen mei dêrtusken twa diagonaalribben.
  • It seisdielige krúsribferwulft bestiet ek út twa gurdlebôgen mei dêrtusken twa diagonaalribben. It ferskil is dat der op it plak dêr't de diagonaalribben inoar snije noch parralel oan de twa oare gurdlebôgen in tredde gurdlebôge oanbrocht is.

By in fjouwerdielich krúsribferwulft is tusken de twa gurdlebôgen ien raam ynbrocht, wylst by in seisdielich krúsribferwulft twa smellle hege ramen ynbrocht binne.

Yn de rin fan it goatyske tiidrek slaggen de boumasters der yn om de gurdlebôgen stadichoan wei te litten. It gewelf waard doe folslein troch de diagonaalribben droegen.

Underdielen krúsribferwulft

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In krúsribferwulft of in fierder ûntwikkele foarm dêrfan, lykas in stjerferwulft, bestiet út de folgjende ûnderdielen:

  • A: twa of mear gurdlebôgen
  • B: twa diagonaalribben
  • C: in tierceron, in fredielingsrib tusken de haadribben
  • D: in dripper, in trochhingjende slútstien dy't karakteristyk is foar de lette gotyk
  • E: in lierne, in koartere ferbiningsrib
  • F: twa skyld- of muraalbôgen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside sûnder boarnen fan 31 july 2023, sjoch: :nl:Kruisribgewelf