Springe nei ynhâld

Rely Jorritsma

Ut Wikipedy

Rely Jorritsma, folút Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma, (Jellum, 11 febrewaris 1905 - Ressen, 1 oktober 1952) wie in Fryske dichter en skriuwer. Njonken syn literêre wurk is hy bekend fan de troch him by testamint yn it libben roppen Rely Jorritsmapriis.

Rely Jorritsma waard berne yn Jellum as soan fan de begoedige Hotze Jorritsma en Emilie Rappard. Op de legere skoalle bliuw er in kear sitten (en krige doe fan syn heit in ezel, dêr't dy him in hynder tasein hie as er oergong). Nettsjinsteande dat rûn er de h.b.s. flot troch. Yn 1924 stie er ynskreaun as studint fan de Katolike Universiteit fan Nymwegen, neidat er frijlotte wie foar de militêre tsjinst. Fan 1926 oant 1927 hold er yn Arnhim ta dêr't er in literêre leargong folge. Nei't er yn 1929 en 1930 by it Utrechtsch Dagblad wurke hie as aspirant-sjoernalist en noch in skoftke yn Utert as frijwilliger yn in boekwinkel wurke hie, sette er yn maaie 1931 wer op Nijmegen oan.

Hy kearde de literatuer foarearst de rêch ta en lei him ta op it tekenjen en skilderjen. Oant 1934 folge er de Middelbere Tekenskoalle 'Kunstoefening' yn Arnhim. Hy helle dêr de l.û-akte tekenjen. Om't er yn 1934 sakke foar it talittingsseksamen fan de keunstakademy yn Amsterdam, gie Rely nei de akademy yn Antwerpen. Hy keas al rillegau foar in partikuliere oplieding. Syn learmaster waard de Antwerpske keunstskilder Albert Thijs. Yn 1935 sette Jorritsma wer op hûs oan.

Werom yn Nijmegen by syn heit, syn mem wie yn 1934 ferstoarn, hie Rely in soad kontakt mei in groep jonge keunstners; mei harren eksposearre er yn 1935 en sy joegen ûnder de namme Zwarte Kraaien, in literêr tydskrift út. Fersen út syn Arnhimske stúdzjetiid waarden opnommen yn it blêd Jonge Kunst. Hy publisearre fierder ûnder oaren yn de Ljouwerter Krante, Sljucht en Rjucht, It Heitelân en De Holder.

Rely Jorritsma hat fierders nei de oarloch fan him hearre litten mei syn histoaryske rubryk Tussen Maas en Rijn yn de Nijmeegse Courant.

Om't er foar syn kwaal, multiple skleroaze, fersoarge wurde moast, kaam er yn de hjerst fan 1950 telâne yn 'Klein Jagtlust' yn It Oranjewâld. Yn de neisimmer fan 1952 ferhuze Rely Jorritsma nei Ressen, dêr't er op 1 oktober 1952 te ferstjerren kaam.

Op 24 april 1926 ferskynde it earste Fryske fers fan Rely yn Sljucht en Rjucht. Hy hie it al in jiermennich earder makke en opstjoerd. Op inisjatyf fan Reinder Brolsma waard it fers dochs pleatst en sadwaande waard Brolsma troch Rely as syn 'ûntdekker' sjoen.

Der binne fan de hân fan Rely Jorritsma njonken in tal proaza-stikken sa'n 170 Fryske fersen ferskynd yn ferskate tydskriften. Yn bondelfoarm binne syn Fryske ferzen nea útjûn. Ut de oantekenings dy't Rely neilitten hat blykt wol dat er soks fan doel west hat, mar it is der nea fan kommen. Allinne de Nederlânsktalige bondel Idille in het Nederrijk is yn boekfoarm ferskynd.

  • Myn sang is fan it âlde hûs : in blomlêzing út de publisearre fersen fan Rely Jorritsma mei in ynlieding oer syn libben en wurk, de tekst fan syn testamint en in oersjoch fan it literêre wurk, dat yn de nei him neamde priisfragen bekroand waard tusken 1954 en 1993 (1993).
  • Petra de Haan, Fjirtich jier 'Rely Relly' (1994).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]